Otto van der Galiën (Lijst058) wol debat oer coronamaatregels yn Ljouwerter gemeenteried

21 aug 2020 - 19:58

It wurdt heech tiid foar mear demokratyske kontrôle op de Veiligheidsregio. It Ljouwerter riedslid Otto van der Galiën fan de partij Lijst058 lûkt no oan de bel. De Veiligheidsregio nimt al moannenlang yngripende besluten, mar leit oant no ta gjin ferantwurding ôf oan de Fryske gemeenterieden. Van der Galiën fynt de gong fan saken net demokratysk en ek net goed foar it draachflak fan alle coronamaatregels.

Veiligheidsregio Fryslân is in mienskiplike regeling fan alle Fryske gemeenten. Yn it bestjoer fan de Veiligheidsregio yn Fryslân sitte de Fryske boargemasters mei boargemaster Buma fan Ljouwert as foarsitter. Troch corona krije de feilichheidsregio's de lêste tiid mear macht. Riedsleden yn ferskate Fryske gemeenten wolle dêrom mear demokratyske kontrôle.

Ien en deselde man

"Wy hawwe fragen steld oer it sluten fan de Prinsetún jûns en nachts", fertelt Otto van der Galiën. "Wy krigen as antwurd dat de boargemaster dat goed oerlein hat mei de foarsitter fan de Veiligheidsregio. Dat is ien en deselde man! Dat oerleit fansels hiel maklik, mar demokratysk is it net." Van der Galiën seit dat er net perfoarst op de maatregel tsjin is, mar hy wol it wol graach beprate yn en evaluearje mei de gemeenteried. "It is ek wichtich foar it draachflak fan de maatregels, dat it útlein en ferdigene wurdt yn de gemeenterieden."

Foarsitter Sybrand Buma wiist derop dat de Veiligheidsregio yn it foarste plak in krisisorganisaasje is. De organisaasje is benammen ynrjochte op lytsere rampen, lykas grutte brannen of in oerstreaming, wêrby't op koarte termyn besluten nommen wurde. In situaasje lykas no, wêrby't de Veiligheidsregio moannenlang yngripende besluten nimt, hat him net earder foardien.

"In deze tijd is er niet altijd tijd om met achttien gemeenteraden te overleggen." As foarsitter fan de Veiligheidsregio hat Buma in foech dat fierder giet as de grinzen fan syn eigen gemeente. Buma wurdt dêrby wer kontrolearre troch syn kollega-boargemasters, sa seit er.

Fan nasjonaal nei regionaal

Foar de simmer naam foaral it kabinet alle wichtige besluten oer corona en wie der alle wiken in coronadebat yn de Twadde Keamer mei minister Hugo de Jong en premier Mark Rutte. No wurdt it coronabelied wat langer wat mear yn de regio's troch de feilichheidsregio's bepaald. Hieltiten mear riedsleden fine dat dat net langer sûnder demokratyske kontrôle kin.

No't it simmerreses ôfrint, wurde yn guon Fryske gemeenten al plannen makke foar in eigen coronadebat. Njonken Ljouwert binne der ek al plannen foar coronadebatten yn Noardeast-Fryslân en op Skylge. Otto van der Galiën: "Demokrasy betsjut dat de macht by it folk leit. No nimme net-keazen bestjoerders besluten oer ús. Dat kin sa net langer."

Ferslachjouwer Onno Falkena oer it demokratysk tekoart by de Veiligheidsregio

(advertinsje)
(advertinsje)