De spagaat fan Gerry Hamstra en Hearrenfean: spilers ferkeapje of net?

21 aug 2020 - 18:29

It dilemma fan Gerry Hamstra. Hy is technysk manager fan Sportklup Hearrenfean en ferantwurdlik foar it oanlûken en ferkeapjen fan spilers. Op it stuit moatte der noch fjouwer spilers by, mar it jild is op. It ferkeapjen fan syn bêste spilers is in opsje, mar dan wurdt it nivo fan de ploech in stik minder.

Troch Roelof de Vries en Arjen de Boer

Ynternetrepo De spagaat fan Gerry Hamstra en Hearrenfean: ferkeapjen of net?

Ruud Gullit sei it ea: "Ik ben niet te benijden." Gerry Hamstra soe itselde sizze kinne. Nei trije nederlagen yn de earste trije oefenwedstriden, wêrûnder de pynlike 5-1 tsjin earstedifyzjonist De Graafschap, wurdt de rop om mear kwaliteit hieltyd grutter.

Net allinnich troch de supporters, ek troch oanfierder Joey Veerman. Yn Doetinchem sei Veerman nei ôfrin dat der kwaliteit by moat. It leafst sa gau as mooglik en it leafst wat spilers mei ûnderfining. De druk op Hamstra nimt ta. No hat Hamstra sûnt hy by Hearrenfean wurket de lêste fjouwer jier al faker mei dizze druk te krijen hân.

Oersjoch útgeande transfers, dêr't Hearrenfean oan fertsjinne hat:

  • 2017
  1. Jerry St. Juste 4,8
  2. Sam Larsson 4,0
  3. Joost van Aken 3,0
  4. Dennis Johnsen 2,4
  • 2018:
  1. Denzel Dumfries 5,5
  2. Arbër Zeneli 4,0
  3. Henk Veerman 0,5
  4. Dave Bulthuis 0,15
  • 2019:
  1. Michel Vlap: 6,9
  2. Kik Pierie 5,0
  3. Ben Rienstra 0.5
  4. Nemanja Mihajlovic 0,45

Totaal: 37,2 miljoen

* bedraggen yn miljoenen, boarne: Transfermarkt.nl

Hearrenfean hat de lêste trije jier mear as 40 miljoen euro fertsjinne oan transfers. Ek mei transfers fan âld-spilers hat de klup op tûke wize jild fertsjinne. De ferkeap fan ûnder oare Hakim Ziyech, Sam Larsson en Jeremiah St. Juste hat de lêste jierren aardich wat sinten opsmiten. Sa hopet Hearrenfean noch jild te pakken as Dumfries fan PSV ferkocht wurdt.

Tsjinoer de 40 miljoen oan ynkomsten út ferkochte spilers, stiet fansels dat Hearrenfean ek spilers oanlutsen hat. Ejuke wie ferline jier mei sa'n 2 miljoen euro de djoerste oankeap. Ek Nemanja Mihajlovic wie mei 1,7 miljoen euro djoer en mei in miskeap neamd wurde. Hearrenfean hat by it oanlûken fan spilers in lytse 8 miljoen útjûn. Dan giet it om spilers dy't kocht binne. Mar Hearrenfean wurdt no ek twongen om spilers te hieren. Ferline jier wiene dat mei Odgaard, Botman, Halilovic, Van Hau en Dreyer mar leafst fiif spilers.

Oersjoch transfers dêr't Hearrenfean foar betelle hat:

  • Chidera Ejuke 2,0
  • Nemanja Mihajlovic 1,7
  • Rodney Kongolo 0,84
  • Denzel Dumfries 0,75
  • Lucas Woudenberg 0,7
  • Joey Veerman 0,55
  • Runar Espejord 0,5
  • Warner Hahn 0,5
  • Sherel Floranus 0,55
  • Hierfergoeding foar Jens Odgaard 0,25
  • Ben Rienstra 0,1

Totaal 8,44

* bedraggen yn miljoenen, boarne: Transfermarkt.nl

Underoan de streek hat Hamstra it goed dien. De jeugdoplieding hat dêr in flinke bydrage oan levere, mar Hamstra hat oant no ta bewiisd mei minimale middelen spilers oan te lûken, dy't ek wer foar in goed bedrach ferkocht wurde. De grutste transfers binne de jeugdspilers, mar ek dêr wie Hamstra ferantwurdlik foar.

Boppedat hat Hearrenfean ek mei it hieren fan spilers jild fertsjinne. Botman wurdt hierd fan Ajax en takom jier nei alle gedachten ferkocht oan Lille. Dêroan fertsjinnet Hearrenfean nei alle gedachten sa'n 850.000 euro (10 prosint fan de transfer). Sa'n soart deal is ek ôfpraat mei PSV as Sam Lammers ferkocht wurdt.

We richten ons op transfervrije spelers of spelers voor een klein transferbedrag.

Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean

Mei tank oan Hamstra hat Hearrenfean goed jild fertsjinne. Dat is mar goed ek. Hearrenfean hat al jierren in operasjoneel tekoart. It lêste jier wie dat 6,3 miljoen euro. De fraach is no: is dat lytser wurden? "Dat is nog maar de vraag", seit Hamstra. "Maar het is wel duidelijk dat we niet veel kunnen uitgeven. We richten ons op transfervrije spelers of spelers voor een klein transferbedrag."

Yntern wurde maatregels naam, mar mear as it fuortgean fan teammanager Herman van Dijk is der oant no ta net kommunisearre. Ek oer it ferleegjen fan de hier fan it stadion is noch altyd gjin akkoart mei Sportstad Heerenveen. Boppedat sil corona Hearrenfean ek sear dwaan. Sa is de kâns bêst grut dat it operasjoneel tekoart noch altyd om de 6 miljoen euro hinne sit.

Net in soad oerholden

In simpele rekkensom leart ús dat Hearrenfean de lêste trije jier sa'n 32 miljoen euro (transferwinst 40 miljoen minus 8 miljoen euro foar oankeapen) fertsjinne hat. Dêr is net folle mear fan oer. Goed 18 miljoen giet op oan it tichtmeitsjen fan it operasjoneel tekoart fan 6 miljoen euro it jier. Dan bliuwt der noch 14 miljoen euro oer, mar fan de transferjilden giet ek in soad op oan jild foar de saakwaarnimmers, opliedingsfergoedings foar de jeugdklups dêr't de spiler fuotballe hat en belesting. In soad jild hat Hearrenfean hoe dan ek net oerholden.

Dat betsjut dat Hearrenfean ferkeapje moat. Dat hoecht net perfoarst no, mar om op lange termyn te oerlibjen, is Hearrenfean wol ôfhinklik fan transfers. Hearrenfean hat in eigen fermogen wêrtroch't it wol wat oerlibje kin. Mar it gat fan seis miljoen kin dêr net elts jier mei folle wurde. Dus ha Hearrenfean en Hamstra in dilemma. "Dat klopt, maar daar hebben we alle vertrouwen in dat we daar goed uitkomen en straks een competitieve selectie hebben. Maar het zou wel eens lekker zijn als we niet elk jaar spelers hoeven te verkopen. Dat is nu nou eenmaal niet de situatie bij Heerenveen."

It folsleine ynterview mei Gerry Hamstra oer de situaasje by SC Hearrenfean:

Folsleine ynterview Gerry Hamstra

Der moatte spilers by. Fiif spilers op syn minst, seit Hamstra: in twadde keeper, in sintrale ferdigener, in middenfjilder, in oanfallende middenfjilder (mei oare wurden in '10') en in spits. Mar is dêr jild foar? Wierskynlik net. En as Hearrenfean dêr no al jild oan útjout, nimt Hearrenfean mooglik in finansjeel risiko.

Drege petearen

De petearen tusken Hamstra en foarsitter Cees Roozemond moatte dan ek lestich wêze. Hamstra sjocht in alvetal mei in tekoart oan kwaliteit. Roozemond sjocht in sa goed as lege beurs.

It ferkeapjen fan spilers kin helpe. Groeibriljant is Ejuke. Ferline jier foar 2 miljoen euro oernaam fan Vålerenga. Ferskate klups ha ynteresse. Sa hat der al in bod west fan acht miljoen, wêr't Hearrenfean net op yngong is. Mar hoe lang kin Hearrenfean dat folhâlde? En wat as der noch klups komme foar Hearrenfean syn bêste spilers? Tink oan Veerman, Van Bergen of Dresevic.

50% kâns dat Ejuke de klup ferlit

Der binne ferskate spilers dêr't wol wat ynteresse foar is, mar it meast konkreet is de ynteresse foar Chidera Ejuka. De kâns is neffens Hamstra dan ek grut dat hy fuortgiet. "Meer dan 50 procent. Al vind ik dat moeilijk om in procenten uit te drukken."

Der hat ferline jier al in bod west fan 8 miljoen euro. "Voor minder dan tien miljoen euro mag Ejuke niet weg."

It dilemma is lestich. De seleksje is no net goed genôch. Der kinne noch wat spilers by, mar dat sille dochs benammen spilers wêze dy't hierd wurde of transferfrij oerkomme. De fraach is dan ek hoefolle better oft Hearreanfean dêrfan wurdt. Salang't Hearrenfean gjin spilers ferkeapet, kin Hearrenfean ek neat of kwalik wat keapje.

En as Hearrenfean wol spilers ferkeapet, hoefolle wurdt dêrfan dan brûkt om it operasjoneel tekoart fan 6 miljoen euro op te foljen? En as je je bêste spilers ferkeapje, bliuwt de seleksje dan noch wol goed genôch? Kin Hearrenfean dan noch wol meidwaan om in plak yn de playoffs? Of attraktyf fuotbal spylje en it stadion wer fol krije? As corona dat lêste talit fansels.

Hamstra moat flink oan de bak. Mei Roozemond yn petear om jild los te meitsjen. Mei skouts om de goeie spilers binnen te heljen. De druk op Hamstra en Hearrenfean sil tanimme. Supporters pikke it net as Hearrenfean min fuotballet, mar ek net as se net yn it linkerrychje stean. Oft dat ferwachtingspatroan terjochte is, is mar de fraach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)