Byld Johan Cruijff fan keunstner Hans Jouta ûntbleate yn Amsterdam

In stânbyld fan Johan Cruijff, ûntwurpen troch de Fryske keunstner Hans Jouta, is freedtemiddei ûntbleate yn Amsterdam. It libbensgrutte brûnzen byld stiet by de haadyngong fan de Johan Cruijff ArenA. Jouta is in grut fan fan de Amsterdamske fuotbalklup.
Byld Johan Cruijff
Frank Rijkaard en inkelde Ajax-supporters ha it byld ûntbleate. It is ta stân kommen troch in ynsammelaksje ûnder Ajax-supporters. Yn trije moanne waard it streefbedrach fan 75.000 euro ophelle. Fanwege de coronakrisis wie der mar in beheind oantal minsken oanwêzich by de ûntbleating, dy't ek te folgjen wie op de mediakanalen fan Ajax.
"Wij hebben het beeld al mogen zien en het ziet er geweldig uit", reagearre Jordi Cruijff, de soan fan Johan. "Mijn vader zou hier trots op zijn geweest. Als je erlangs loopt, zie je Johan Cruijff staan."
Byldhouwer Jouta makke earder it stânbyld fan Bobby Haarms, dat sûnt 2011 by de Johan Cruijff ArenA stiet.
Hans Jouta © Jenno Terpstra
Hans Jouta