Feilich op 'e fyts nei skoalle yn Mullum: "Auto's ride hjir somtiden hiel hurd"

21 aug 2020 - 15:35

Skoalbern út Winaam binne tige bliid mei de komst fan it nije fytspaad tusken harren wenplak en de skoalle yn Mullum. "Soms steek je over, maar dan komt er plotseling een auto aan die heel hard rijdt. Dan moet je ineens hard doorfietsen", seit Sterre út Winaam. Nei har skoalle yn Mullum moat se no noch in stik fan goed trije kilometer fytse, mei in gefaarlik krúspunt deryn. Ek Sterre har freondinne Iris ken dat punt. "De auto's ride der soms wol hiel hurd."

De Provinsje Fryslân sei earder dizze wike ta twa ton subsydzje te jaan foar in nij fytspaad tusken Winaam en Mullum. Troch de oanlis kinne skoalbern moarns en middeis feiliger op 'en paad tusken beide doarpen. Sûnt de basisskoalle yn Winaam yn 2013 tichtgie, brûke de skoalbern benammen de Haulewei (N393) en de Harnzerstrjitwei om yn Mullum te kommen.

'Kiezen tussen brug of tunnel'

Dat it fytspaad der komme moast, is fiif jier lyn ôfpraat. Dochs ha de definitive plannen al dy tiid op har wachtsje litten.

Wethâlder Harry Boon fan Harns snapt dat it lang duorre hat. "De politieke intentie was goed, maar de uitwerking heeft tijd gekost. Ook op de nieuwe route was een gevaarlijke kruising, en dus moesten we daarvoor kiezen tussen een brug en een tunnel. Zo'n brug is minder praktisch voor bijvoorbeeld kinderen en bejaarden, maar een tunnel is weer erg duur."

In skets fan de nije tunnel en it tracé - Foto: Gemeente Harns

Uteinlik is keazen foar in tunnel yn it nije fytspaad, dat sa'n oardel miljoen euro kostet en goed 900 meter lang is. Foar bern dy't fan Winaam alle dagen nei Mullum ta moasten, rydt der no noch alle dagen in taksybuske. By basisskoalle OBS Middelstein binne se dan ek tige wiis dat fan takom maitiid ôf de bern wer feilich op de fyts komme kinne.

Yn 2021 klear

"We binne hjir seker bliid mei. Ik ha wolris tocht op tsjustere winterdagen: soe it wol goed komme?", seit direkteur Annie Schotanus. "En oarsom is it ek folle makliker. Somtiden ha wy mei in groep in ekskurzje yn Winaam. Foar ús dosinten wie it ek net altyd noflik om mei in grutte groep op de fyts op 'en paad te gean."

De nije fytsferbining rint aardich rjocht tusken beide doarpen en is dêrtroch twa kilometer koarter as de rûte fan no. De ferwachting is dat it nije fytspaad yn de maitiid fan 2021 klear is.

(advertinsje)
(advertinsje)