UPDATE: A6 yn beide rjochtingen ticht nei ûngelok, gjin gefaarlike stoffen

By in swier ûngelok op de sneldyk A6 binne freedtemiddei yn elts gefal seis weinen, wêrûnder twa frachtweinen, belutsen rekke. Ien fan de twa frachtweinen stiet yn de brân. It ûngelok is yn noardlike rjochting op de A6, ta hichte fan Sint-Nyk. De dyk is ticht yn beide rjochtingen. Oer slachtoffers is op it stuit noch neat bekend.
ungelok A6
Earst waard tocht dat ien fan de frachtweinen mooglik gefaarlike stoffen hie, mar út ûndersyk kaam nei foaren dat dy gefaarlike stoffen der net binne, seit Rykswettersteat.
De helptsjinsten binne manmachtich teplak nei it plak fan it ûngelok. De traumahelikopter is ek ûnderweis. It ynsidint wurdt klasifisearre as 'zeer grote hulpverlening', dat komt yn Fryslân hast noait foar. De lêste kear wie op âldjiersnacht by Akkrum.
Trochdat de dyk ticht is, binne der omliedings ynsteld. Dêrom is it ek op oare diken, lykas de A7, drok. Ferkear moat dus rekken hâlde mei fertraging.
Plysjewurdfierder Anthony Hogeveen oer it ûngelok
© CAMJO media