Justysje easket wurkstraf tsjin Jistrumer (19) dy't fytster oanried

21 aug 2020 - 14:43

Tsjin in 19-jierrige Jistrumer is in wurkstraf fan 60 oeren en, ûnder betingst, in rydûntsizzing fan in healjier easke. Hy hie yn desimber 2018 op de Knobben yn Drachten in fytster oanriden.

It gerjochtshof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De frou kaam op it foarrút fan de auto telâne en waard mei skaafwûnen en in brutsen ankel nei it sikehûs brocht. Offisier fan justysje tinkt dat de Jistrumer te hurd riden hat. Ut testen blykt dat de âlde Mercedes op syn meast 81 kilometer de oere riden hat. It maksimum is dêr 60 kilometer yn 'e oere. De Jistrumer tocht sels dat er 60 of 70 ried.

Hy seit dat er de fytster te let sjoen hat. Hy trape noch op de rem, mar de tsjillen fan de Mercedes blokkearren. Utwike koe net mear, fanwege de tsjinlizzers. Neffens de Jistrumer wie it tsjuster en wie de dyk wiet. Twa passazjiers dy't by de Jistrumer yn 'e auto sieten, seine dat se de fytster wol op tiid seagen.

De Jistrumer hat kontakt opnommen mei it slachtoffer en syn ekskuzen oanbean. De frou hat noch hieltyd problemen mei rinnen. De rjochter docht oer twa wiken útspraak yn de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)