Freedsmerk oer gesach plysje: "Eartiids hiene we respekt foar de plysje"

It binne ûnrêstige wiken yn de grutte stêden. Rellende jongeren, fjochtpartijen en demonstraasjes dy't noch wolris út de hân rinne wolle. Yn alle gefallen wurdt skerp sjoen nei de plysje. Binne se te soft? Of meie se net hurder optrede? En: hat de plysje noch wol genôch gesach? We fernamen dernei op de Ljouwerter freedsmerk.
© Omrop Fryslân, René Koster
De lêste wike wie it yn de grutte stêden geregeld ûnrêstich mei rellen en demonstraasjes dêr't nochal wat geweld by brûkt waard. "Wy wiene benaud foar de plysje, mar dat is net mear", tinkt immen op de freedsmerk. "Dat leit benammen oan de âlden, mar ek oan it ûnderwiis, dêr't juffen en masters by de foarnamme neamd wurde."

Oars stimme

De tasseman hat in dochter en skoansoan dy't beiden by de plysje wurkje. Neffens him krije de plysjes foar de kiezzen wêr't minsken it net mei iens binne. Mar: "Als je het ergens niet mee eens bent, moet je de volgende keer anders stemmen. De politie maakt de regels niet."
In soad minsken ha it idee dat de plysje te folle bûn is oan regels en protokollen en dat se echt wol hurder optrede wolle. En dat soe ek in goed idee wêze, waard geregeld sein: "By de rellen hiene se der sa op ynslaan moatten dat dy jonges de poaten net mear hin en wer krije koene", fûn de poelier.

Ferskil yn oanpak

In klant koe De Jantjes noch, dy't yn de jierren 70 de Amsterdamske Dam skjinfagen fan hippys: "Doe wie it samar klear. Soks kin no wol wer!" In oar foel in ferskil yn oanpak op: "Dy rellende jongeren konden hun gang mar gaan, mar by de demonstraasje guster met dy ouderen huften se der fut op in. Dat kin toch niet?!"
De nuânse wie der ek. Sa waard der wiisd op it optreden fan plysjes yn lannen as de Feriene Steaten en Spanje: "Dan bin ik bliid dat se hjir gjin bûtenproporsjoneel geweld brûke!"
Reaksjes op de freedsmerk oer it gesach fan de plysje