Bauke Dam foardroegen as nije CDA-wethâlder Súdwest-Fryslân

21 aug 2020 - 13:21

Boalserter Bauke Dam wurdt foardroegen as nije wethâlder yn Súdwest-Fryslân. De 36-jierrige CDA'er moat de opfolger wurde fan Maarten Offinga, dy't yn septimber ynstallearre wurdt as boargemaster fan Hardenberg.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Neffens fraksjefoarsitter Douwe Attema hat Dam bestjoerlike kwaliteiten en ken er de rinnende dossiers goed. "Bauke giet graach mei de minsken yn petear om de stânpunten helder te krijen, om dêrnei de bêste koers te bepalen", seit Attema.

Dam sit op it stuit yn de ried foar it CDA yn Súdwest-Fryslân. Hy is accountmanager by Afvalsturing Friesland op It Hearrenfean. Dêrnjonken is Dam lieder by SC Bolsward. Earder wie er aktyf by it Heamiel en de follybalklup.

Oer de portefúlje fan de nije wethâlder wurdt noch oerlein mei de oare kolleezjepartijen. Dat binne VVD, GrienLinks en D66.

(Advertinsje)
(Advertinsje)