Stiging Fryske coronagefallen stabilisearret; 500 sollisitanten foar GGD

It oantal coronabesmettingen yn Fryslân liket te stabilisearjen: 57 fan de 4.203 tests dy't GGD Fryslân dizze wike útfierde kamen posityf werom. Ferline wike wiene dat der 59 op 2.800. Dat seit GGD Fryslân. Nei twa wiken mei in fertrijefâldiging fan it oantal coronagefallen yn Fryslân, is de stiging de ôfrûne wike hast lyk bleaun oan de sân dagen dêrfoar.
Stiging Fryske coronagefallen stabilisearret
Fan de sirka 120 Fryske besmettings yn augustus, hat hast in kwart it firus nei alle gedachten oprûn op fakânsje yn it bûtenlân. Dat docht bliken út in analyze fan GGD Frylsân. De tritich besmette Friezen ferbleaune yn tolve Europeeske lannen; de measten yn Frankryk (9).
De stiging makket dúdlik dat reizgjen in wichtige risikofaktor is. "Mear minsken hawwe it firus oprûn yn it bûtenlân as we hope hiene. It jout oan dat we alert bliuwe moatte. Fakânsjegongers mei klachten moatte yn karantêne gean en har teste litte", seit Feilichheidsregio Fryslân-foarsitter Wim Kleinhuis.
GGD Fryslân © GGD Fryslân

Dokkum

De ôfrûne dagen binne der yn it noardeasten fan Fryslân gjin nije gefallen mear by kaam dy't te linken binne oan it coronakluster Dokkum. It is neffens de GGD ôfwachtsjen oft dat sa bliuwt. Under it kluster falle sa'n 50 besmettings dy't mei elkoar ferbûn binne. Dy binne werom te fieren op ferskate boarnen, wêrby't de oerdracht benammen wie yn lytse selskippen yn húslike rûnte of op de wurkflier. Dêrby is net genôch ôfstân halden en binne minsken mei klachten trochrinnen bleaun.

Skylge

Tiisdei sleat de tydlike testlokaasje op Skylge. Dêr hawwe yn seis dagen 824 minsken har teste litten, benammen jongerein fan camping Appelhof. Twa fan harren blieken posityf. Yn oare parten fan it lân bliuwt de teller fan mei corona besmette Appelhofgongers op tolve stean. Yn totaal is dus by 14 jongerein fan Appelhof it firus fêststeld.

Wykrekôr

GGD Fryslân hat dizze wike 4.203 tests dien. Dat binne der 1.338 mear as de wike derfoar, doe't ek al sprake wie fan in wykrekôr. Kleinhuis: "As je de tests op Skylge dêrfan ôflûke, is it noch hieltyd mear as oare wiken. It rint aardich op yn de tesstrjitten."
Kleinhuis tinkt dat de oanrin de kommende wiken wol tanimme sil, no't de fakânsje ôfrûn is. "De parsekonferinsje hat ek holpen by de bewustwurding fan wat der geande is en dat we wekker wurde moatte. It firus is net fuort. Ik bin bliid dat it oantal tests tanimt en dat minsken har teste litte wolle."

500 sollisitanten

In skoft lyn die GGD Fryslân in oprop om't se 100 boarne- en kontaktûndersikers en triaazjeferpleechkundigen socht. "Der hawwe 500 minsken reagearre, dat is in soad. De kommende wiken sykje we geskikte kandidaten út. Dat kostet wol tiid, om't we harren opliede en ynwurkje moatte", seit Kleinhuis.
Ferwachting is dat it firus yn de hjerst noch flink om him hinne gripe sil. "Wy lizze op koers en binne taret op de oantallen dy't wy ferwachtsje. We hoopje dat it der net mear wurde."
Sûnt de útbraak fan it coronafirus begjin maart is it firus no by 757 ynwenners fan Fryslân oantroffen. Yn ferpleech- en fersoargingshûzen is ek dizze wike gjinien bewenner posityf test.
Foar it earst yn tsien wiken binne der yn de Fryske sikehûzen lykwols wer minsken opnaam dy't mooglik corona hawwe. Dat meldt it Regionaal Orgaan Acute Zorg (ROAZ). Pas as befêstige is dat it om corona giet en de sikehûzen dit trochjouwe oan de GGD, wurde se opnaam yn de GGD-sifers. Dat is no noch net it gefal.
It oantal minsken dat ferstoarn is oan de gefolgen fan it coronafirus yn Fryslân stiet sûnt juny op 69.
Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân