Pieter Weening sjocht kânsen op NK hurdfytsen: "It wurdt in slitaazjeslach"

21 aug 2020 - 11:23

Mei syn 39 jier is hy de âldste dielnimmer by de manlju op it Nederlânsk Kampioenskip hurdfytsen dit wykein. Mar wa tinkt dat it allegear minder giet mei Pieter Weening, dy hat it mis. Weening kin snein foar syn eigen kânsen ride en is mei de VAM-berch yn in parkoers miskien wol in outsider foar de titel. "It wurdt snein in slitaazjeslach. De bêsten sille oerbliuwe en dêr moat ik by sitte."

Foto: Trek-Segafredo

Ja, in soad toppers binne der net by. En ja, Matthieu van der Poel is de iennige echte favoryt foar de titel. Mar dochs, it soe wat wêze. "It soe wol wat wêze, ja. It parkoers is net perfekt foar my, mar dat is it NK eins noait."

It NK wurdt dit jier hâlden op de VAM-berch. Dat is in stoartbulte. De VAM (Vuil Afvoer Maatschappij) hat derfoar soarge dat de stoartbulte begroeid is mei skjinne ierde en gers. Letter binne der fytspaden dellein en sa kin dêr dit wykein in NK holden wurde.

Ik tink dat der in soad útfalle, hielendal as it ek nochris waarm wurdt.

Pieter Weening oer it NK fan snein

By de manlju giet it om in rûntsje fan 7,3 kilometer mei de VAM-berch en it plakje Wijster. Sa wurde der elts rûntsje twa beklimmings ynpland: ien fan 500 meter (gemiddeld 15%, mei in streek fan 150 meter oan kasseien en in part fan 24%) en ien fan 200 meter fan 15 prosint. Net bepaald bergen en net ideaal foar Weening, dy't graach wat langer klimme mei. "Mar ik tink dat it in slitaazjeslach wurdt. Troch corona sil net eltsenien in hiel soad meters yn de fuotten ha. Of seker net wedstriidkilometers. En dat is dochs wat oars as traine. Dêrom tink ik dat der in soad útfalle, hielendal as it ek nochris waarm wurdt."

Weening rydt no by Trek-Segafredo. De Italiaanske ploech hat ek Bauke Mollema yn harren team, mar Mollema docht snein net mei. Hy riedt him ta op de Tour de France. Itselde jildt foar toppers as Tom Dumoulin en Robert Gesink. Koen de Kort is ploechgenoat fan Weening en hy docht wol mei. Ek fjildrenner Lars van der Haar rydt foar Trek.

Italiaansk seizoen foar Weening

Weening syn seizoen stiet benammen yn it teken fan de Giro d'Italia. "Ik fyn it gewoan in hiele moaie koers. Moaier as de Tour. Yn Frankryk is it faak hektysk, yn de Giro is it faak wat technysker. Dat leit my ek better." Dizze Giro sil hy foaral 'knechtsje' moatte foar kopman Vincenzo Nibali. "Mar dat betsjut net dat der gjin kânsen komme foar my. It hinget der ek mar fanôf hoe goed oft Nibali is. Mar we sille ek wolris ien mei stjoere en dan witte je noait oft de kopgroep wol wer pakt wurdt."

Weening ried ferline wike it Critérium du Dauphiné. Fiif dagen lang hast allinnich mar klimme mei in lading oan hichtemeters. "It wie echt hiel swier. Net normaal. Sels yn de Tour ha ik dit noch net meimakke. Ik bin der wol goed trochhinne rôle, ik fiel my goed."

En dat wylst Weening dochs echt al 39 jier is. "Je fernimme op dizze leeftiid wol dat je net mear better wurde. Mar ik moat sizze dat ik ek net it gefoel ha dat ik minder wurd. Ik ha de moaiste en measte oerwinnings ek pas letter yn myn karriêre pakt. Dat seit tink ik ek wol wat."

Der dogge sneon trije Fryske froulju mei oan it Nederlânsk kampioenskip hurdfytsen:

  1. Nicole Steigena, Eksmoarre
  2. Aafke Soet, It Hearrenfean
  3. Anouska Koster, De Westereen

By de manlju binne snein fiif Fryske dielnimmers:

  1. Pieter Weening, De Harkema
  2. Wim Stroetinga, Terwispel
  3. Hartthijs de Vries, Kollum
  4. Björn Bakker, Wynjewâld
  5. Jeen de Jong, Britsum

(Tom Jelte Slagter komt út Nij Beets en Rick Ottema wennet yn Ljouwert)

Hartthijs de Vries is fyftjin jier jonger as Weening en docht snein ek mei. Hy is mei in oerwinning yn Woensdrecht goed begûn oan it nije seizoen. "Ik stean der goed op. Sneon wûn ik in moaie koers mei in goed dielnimmersfjild. Earder waard ik ek al fjirde yn Ossendrecht. Ik fiel my echt goed."

De man yn foarm

De Vries is no 24 jier en fytst foar Vlasman Cycling Team, krekt as Björn Bakker en Wim Stroetinga. De Vries is snein de kopman. "De ploech sil foar my ride. Ik bin de man yn foarm, dus dat is wol fijn. It is in parkoers dat my wol lizze kin. Ik moat it ha fan in swier parkoers en dat is dit wol. It binne gjin stevige beklimmings, mar it soarget der wol foar dat it peloton hieltyd op in lint ride sil. Dat makket it swier."

Hartthijs de Vries - Foto: Vlasman

Hartthijs ried krekt as de oaren net folle wedstriden de lêste tiid, mar hy trainde wol in soad. "Yn april ha we ús heit ferlern. Dat hat der flink ynhakke, mar it fytsen is in soart útlitklep foar my wurden. Ik ha in soad fytst en fiel my folle better as in jier lyn."

De Vries rydt de rest fan dit seizoen kriteariums en klassikers yn België en Nederlân. "Ik bin miskien wol in klimmer, mar mei dizze ploech ride we hast gjin berchetappes." Dêrom rjochtet hy him dit seizoen foaral op twa NK's: it NK fan dit wykein en it NK tiidriden yn oktober. "Ik bin Nederlânsk kampioen tiidriden by de beloften." By de beloften mei hy net mear meidwaan. "Mar ik wol my op dat NK ek sjen litte. Dan sjoch ik folgjend seizoen wol wer. Ik sit no by Vlasman en we kinne folgjend jier allegear wer in seizoen fierder."

By de froulju wurdt der in stik minder koerst as by de manlju. "De belangen sille by de manlju dochs grutter wêze as by de froulju", seit Anouska Koster. Koster hat sels noch mar ien koers riden, de Strade Bianche. Fierder hat se de lêste moannen foaral traind. "Ik ha wol wat spesifiker traine kind. Sa ha ik wat mear krêfttraining dien, sadat ik wat sterker wurde kin yn de sprint."

Net yn ien fakje

Koster is in multyfunksjonele hurdfytster. Dat blykt ek wol as we freegje watfoar koereur se no eins is. "Hahaha, tja, nee, ik bin net yn ien fakje te pleatsen. Ik bin net in sprinter of in tiidrider, mar in soad parkoersen lizze my wol."

Se rydt sneon it NK foar de ploech Parkhotel Valkenburg, in Nederlânske ploech. Ferline jier ried se foar it Deenske Team Virtu Cycling. "It NK is foar ús in belangrike koers, dus it is wol fijn dat ik no mei in folslein team ride kin."

It wurdt echt hiel swier.

Anouska Koster oer it NK

Krekt as by de manlju wurdt in rûntsje fan 7,4 kilometer mei de VAM-berch riden. "We ha der woansdei al efkes west mei de ploech om te trainen. Dat is wol noflik, dan witte je wêr't je aanst oan ta binne. It wurdt echt hiel swier."

Op de fraach watfoar koersen har no it bêste lizze, seit se: "Ik hâld wol fan heuveletappes. Fan koarte eksplosive etappes." En lit de VAM-berch no krekt sa'n beklimming wêze. "Hahaha, dat is ek sa. Mar ik wit it net. It wurdt wol hiel swier. Ik wit net oft my dat wol echt leit. We sille sjen sa lang mooglik mei te sitten by de bêsten en dêr moat ik ien fan wêze."

By de manlju is Matthieu van der Poel de grutte favoryt, by de froulju is dat Annemiek van Vleuten. Se ried oant no ta fiif koersen en wûn se alle fiif. "Annemiek is de favoryt, ja. Kinst Marianne Vos en Anna van der Breggen dêr ek bysette, mar Annemiek is topfavoryt."

Anouska Koster - Foto: Orange Pictures

Nei it NK hopet Koster noch in soad te riden. Ien fan de etappekoersen dy't op it skema stie, wie de Boels Ladies Tour yn eigen lân, mar dy giet net troch. Se rydt yn Frankryk (GP de Plouay) en België (GP Euromat) noch in koers, mar dan moat se wachtsje oant ein septimber foar de earste races.

Dus sil Koster har benammen rjochtsje op de klassikers yn oktober. Dan stean der in soad moaie koersen op it programma. Te begjinnen mei de Waalse Pijl, folge troch Luik-Bastenaken-Luik, de Amstel Gold Race, de Ronde van Vlaanderen en Parijs-Roubaix. "Dêr sjoch ik echt nei út. Ik hoopje sá dat it allegear trochgiet, want dat is fansels ôfwachtsjen, mar as it goed giet, ryd ik dy klassikers allegear."

(Advertinsje)
(Advertinsje)