Brânbrief oan steatssekretaris: mear dwaan tsjin anty-LHBTI-geweld yn azc's

Der moat no echt wat dien wurde oan geweld tsjin homo's, lesbiennen, biseksuelen en transgenders yn Nederlânske asylsikerssintra. In protte minsken fiele har dêr net feilich. De stichting LGBT Asylum Support stjoert dêr freed in brânbrief oer nei steatssekretaris Ankie Broekers-Knol fan Justysje en Feilichheid.
It azc yn Sint-Anne © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
De stichting hat sûnt begjin juny mear as sechstich meldingen oer geweld krigen. Sa waarden twa froulju dy't in relaasje ha swier mishannele yn it azc yn Gilze. Ien fan dy froulju siet yn it azc yn Sint-Anne, sy wie op besite by har freondinne. Se waard mei siedend hjit wetter oergetten. Fierder wurdt yn azc's faak agressyf reagearre op de reinbôgeflaggen dy't ophongen wurde.

Aparte wenunits

LGBT Asylum Support wol al jierren aparte wenunits, benammen foar transgenders. Sy fiele har feiliger yn in groep. Begjin dit jier gong der ek al in rapport oer 31 eardere ynsidinten nei de Twadde Keamer. In grut part fan LHBTI-asylsikers is hiel benaud, seit de stichting.
Yn de brânbrief stiet dat in strukturele beliedswiziging yn de opfang no hiel hurd nedich is. Yn elk azc moat in aparte unit komme, en der is ek in kompleet azc foar LHBTI-asylsikers nedich. Dêrnjonken moat der mear foarljochting komme oer de rjochten en plichten dy't yn Nederlân jilde.