File by De Zwette yn Ljouwert; alle fergeze parrebeammen ophelle

Alle 4.000 parrebeammen dy't freed fergees op te heljen wiene by De Zwette yn Ljouwert binne ferjûn. Der stiene freedtemoarn ier en betiid al in soad minsken yn 'e rige om in beam te bemachtigjen. Dat koe fan 9.00 oere ôf, mar dêrfoar stie it ferkear op alle ynfalsdiken al fêst. Binnen in oere wiene alle beammen ophelle.
Der stie in lange file. Minsken stapten sels út de auto om rinnend in beam te pakken te krijen.
It inisjatyf Meer Bomen Nu besiket 150.000 parrebeammen te rêden fan fersnipperder. De beammen soene nei it bûtenlân, mar dat kin fanwegen de coronakrisis net. Dêrom wol Meer Bomen Nu de beammen oer hiel Nederlân útsutelje. Minsken kinne fergees in beam krije. Sa'n 12.000 parrebeammen komme tongersdei nei Fryslân. Se binne sneon te krijen yn Ljouwert, op It Hearrenfean en yn Wytmarsum.