Liudger jout ûnderwiis oan havo-learlingen ek yn it Ingelsk

De middelbere skoalle Liudger yn Drachten komt dit skoaljier mei twatalich ûnderwiis foar havo-learlingen. Op syn minst de helte fan de fakken yn de ûnderbou is yn it Ingelsk. De oare fakken binne yn it Nederlânsk.
© Omrop Fryslân
It twatalige ûnderwiis smyt in grutte foarsprong op by in ferfolchoplieding op it HBO of op de universiteit, neffens it Liudger. Dêr binne boeken en kolleezjes ek hieltyd faker yn it Ingelsk.
Op it Liudger, lokaasje Raai, wurde fakken lykas wiskunde, skiednis en ierdrykskunde yn it Ingelsk oanbean yn de earste trije klassen. Yn de boppebou binne de de fakken wer yn it Nederlânsk, mar is der ek in apart programma yn it Ingelsk.

Mei net ûntbrekke

Twatalich ûnderwiis foar it vwo op de lokaasje Raai is der al goed fyftjin jier. "We zijn een school waar veel te kiezen valt", seit teamlieder Geert Jan Renkema. "In de huidige tijd mag een tweetalig opleiding voor havoleerlingen dan ook niet ontbreken."