Kroegen ticht op oarspronklike dagen Sint Nykster Merke

Kroechbazen yn Sint-Nyk hâlde harren doarren ticht op de dagen dêr't oarspronklik de Sint Nykster Merke op organisearre wurde soe. De merke stie pland fan 3 oant en mei 5 septimber, mar waard skrast fanwegen it coronafirus. De kroechbazen binne benaud dat minsken út de omjouwing op dy dagen dochs massaal nei Sint-Nyk ta komme om feest te fieren en sjogge dêrom gjin oare oplossing as ticht bliuwe.
Kroegen ticht op oarspronklike dagen Sint Nykster Merke
"As je hjir miskien wol tûzen man op de dyk hawwe en der sit in moai bultsje bier yn, dan is dat net te hanthavenjen. De ferantwurdlikens wurdt by ús dellein. En dat is wol in bytsje skeef", leit ien fan de kroecheigeners út. "Mei 250 man mei oardel meter dertusken is gjin feestje te bouwen."
De kroegen tochten earst wol iepen te kinnen op de dagen dêr't de Sint Nykster Merke oarspronklik op hâlden wurde soe. "Mar doe hawwe we kontakt mei elkoar hân en seinen we al: dit hâlde we net yn de hân. Minsken sille dochs komme", fertelt in oare kroechbaas.

Plysje-agint yn plak fan kroechbaas

"De Sint Nykster Merke is in begryp, dêr komme in hiel soad minsken op ôf. En ek al is der gjin merke dit jier, se komme dochs", leit wer in oar út. De kroecheigeners ferwachtsje dat minsken, benammen jongerein, thús yndrinke sille en dêrnei nei it plein yn it sintrum ta komme. "Dan sitte wy mei it feest. Dy oanrin kinne wy net oan. Dan binne we mear plysje-agint as kroechbaas."
"We kinne no net it risiko nimme dat hjir in útbraak komt." Ek finansjeel is it in strop. "We hoopje dat we allegear wat spek op de bonken hawwe. Finansjeel is it in dreun foar de kop. Mar de sûnens fan alle minsken is folle wichtiger as in pear spikers op de bank."
© Café Het Wapen van Friesland
Kroecheigeners oan it wurd
Oer twa wiken wie de Sint Nykster Merke oars losgien. In soad eleminten foar de festiviteiten stean noch yn de opslach, mar komme dêr foarearst net út. Foarsitter fan VVV Sint-Nyk, Christiaan Hoekstra: "De peallen, ljochten en flachjes stean binnen, de kassahokjes stean keurich opsteld. Foarich jier opromme, mar dy komme der dit jier net út, spitigernôch."

Radiostream

De organisaasje fan de optocht en de feesten sit lykwols net stil en hat wat betocht: in spesjale radiostream. "De Sint Nykster Merke mei de allegoaryske optocht soe dit jier foar de 70e kear barre. In grut evenemint dêr't in soad minsken út Fryslân op ôfkomme. Wy as jong bestjoer koene ús net permittearje om neat te dwaan."
Yn de opslach wurdt in radiostudio boud. "Yn de hoeke komt in poadium, dêr't ferskate bands fan Sint-Nyk optrede. Wy soargje sels foar de muzyk tuskentroch", fertelt Hoekstra. Se wolle it serieus oanpakke en krije dêrom assistinsje fan ljocht- en lûdprofesjonals.

Ferhalen ophelje

Dat bart allegear neffens de coronarjochtlinen fan it RIVM. "Wy binne hjir allinnich mar as bestjoer en taskôgers kinne hjir net komme. Mar sa moat elkenien thús it merkegefoel krije." It is ek de bedoeling dat in ploech de strjitte opgiet om ferhalen op te heljen. "Sa kinne we hiele moaie ferhalen op de radio krije."
De Sint-Nykster Merke © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Merkefoarsitter Christiaan Hoekstra