Kollum: "Kanowille"

21 aug 2020 - 08:08

"Doe't wy in pear jier lyn mei fakânsje wiene op Ibiza, sieten we yn in gasteferbliuw mei seesicht en útsicht op Es Vedra. Yn 'e fierte fear in boat dy't amper te sjen wie, mar Jelle rôp; 'Dy boat ha wy boud, dat kin net misse!'

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Dyselde jûns rûnen wy oer de haven fan Ibiza-stêd, dêr't al dy djoere boaten op in rige lizze te pronkjen en ferdraaid, it skip dat er sjoen hie, lei der ek tusken. We rekken oan 'e praat mei de eigener en it wie wol grappich om it lúkse skip te sjen, wêrfan it kasko yndied op ús werf boud wie.

Sa giet it eins altyd as wy earne binne. We sykje it wetter op, moatte oer havens strune en nei boaten sjen. Ik fyn it net slim, hear want ik sjoch ek graach in moaie boat. Mar ik kin no net sizze dat dy grutte bling-bling miljoenejachten my bekoare kinne, mei al dat personiel. Ik sjoch like leaf in moai tsjalkje, skûtsje of in âlde bakdekker en lokkich leit sok guod meastal wol by ús foar de doar.

Jelle sjocht dus faak al fan fierôf hokker boat it is, fan wa en wêr't er boud is. Hielendal as it om in skûtsje giet. Sa tûk bin ik net mar ik wit wol it ferskil tusken in klipper, klipper-aak, pream, skûtsje, Lemster aak, ensfh. Wy prate oer boaten, bouwe boaten, hannelje yn boaten en ha sels ek in pear eksimplaren. Meastentiids wiene dat rêdingsoperaasjes, sa as bygelyks in útbaarnd kasko fan in tsjalk wer in nij libben jaan, dus jimme begripe wol dat de leafde djip giet.

Ik ha noait de oanstriid field om in boat foar mysels te hawwen. No wie dy needsaak der ek net en ik bin earlik sein ek wol in type dy't har graach farre lit. Bytsje teedrinke en yn 'e sinne sitte fyn ik net ferkeard mar dochs tocht ik der wol hieltyd faker oan dat in bytsje mear aksje dat ek net is.

Suppe like my yn earste ynstânsje wol wat ta. Ik hie my der al wat yn ferdjippe, mar twivele oft it echt wat foar my wêze soe. Op in sup-board stiest ornaris te roeien en kinst der ek op lizze, mar ik woe net ien ha dy'tst oppompe moatst en sa'n oaren fûn ik te djoer. It suppen, d.w.s. Stand Up Paddeling, is op 't heden mega-populêr. It skynt rêstjouwend te wêzen, it is goed foar de sûnens en kinst it oeral en altyd dwaan, mar ik koe net in beslút nimme.

No hiene wy ek noch in âlde kano lizzen mar dat ding wie gjin sukses. Hy wibele freeslik, stonk nei rotte fisk en ik koe my der amper yn bewege. Ik bin der gau wer út gien, mar hie al betocht dat in rommer eksimplaar miskien wolris wat foar my wêze koe. Ik fûn al gau ien op it ynternet, by in kanohannel yn Aldegea! Dat is mar in kertier riden, dus ik ha direkt in ôfspraak makke.

Dy wie op moandeitejûn en nei yn in stik of wat kano's sitten te hawwen, wie der ien by dy't myn foarkar hie; in romme, brede kano dy't net wibelet en dêr'tst ek tegearre yn fuort kinst. Us mem wie ek tige entûsjast en woe de Alvestêdetocht al dwaan mar myn earmspieren fûnen de Krúswetters de earste kear fier genôch!

Wy sille sjen wêr't de kano ús bringt, mar ik tink net yn de haven fan Ibiza-stêd, al hie er dêr absolút net misstien. Hy hat gjin miljoenen koste mar de wille is der grif net minder om."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)