Fryske dokter op Sint Maarten: "Als dit niet de piek is, hebben we een probleem"

21 aug 2020 - 07:22

Yntinsivist Rik Gerritsen helpt op it Karibyske eilân Sint Maarten mei it behanneljen fan coronapasjinten. De Goutumer is mei in team fan acht minsken no al in wike aktyf yn it iennige sikehûs op it Nederlânske part fan it eilân en bliuwt dêr noch fiif wiken. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort belle mei Gerritsen.

Rik Gerritsen mei in kollega op Sint Maarten - Foto: Omrop Fryslân/Rik Gerritsen

Op it Nederlânske part fan Sint Maarten wenje sa'n 40.000 minsken. Op 17 maart fan dit jier waard it firus der foar it earst fêststeld en op 31 maart ferstoar de earste persoan deroan. Neffens de webside fan it RIVM binne dêr sûnt maart 353 coronagefallen konstatearre en 17 minsken ferstoarn.

Gerritsen is nei it eilân helle fanwegen syn ekspertize. "Niemand is ervaren in dit virus natuurlijk. Wij hebben het nu één keer gezien, in maart en april. Wij nemen wel ervaring mee, maar slechts van een paar maanden."

Ferskillende talen

De Goutumer moast oan de slach yn in lyts sikehûs. "Het is natuurlijk heel anders in een ziekenhuis waar alles heel klein en open is. Het is een hele andere manier van werken."

Wat it ek net makliker makket, is dat der Nederlânsk en Ingelsk troch inoar hinne brûkt wurdt. "En ze gebruiken Amerikaanse medicijnen en Amerikaanse eenheden. Dat is voor ons behoorlijk wennen."

Sint Maarten - Foto: Wikimedia Commons

Mar it team kin syn wurk foarearst goed dwaan, fertelt Gerritsen. "Er is ook via de Nederlandse overheid best wat apparatuur hierheen overgebracht, dus wij kunnen ons wat dat betreft prima redden."

Der kamen de ôfrûne dagen eltse dei trije nije pasjinten binnen. "We hebben hier negen beademingsplekken, dus we kunnen het nog één of twee dagen volhouden. Maar als dit niet de piek is, hebben we overmorgen echt een groot probleem."

Mar ien sikehûs

Pasjinten kinne by romtegebrek net nei in oar sikehûs brocht wurde. "Dat is er niet. Er is maar één ziekenhuisje op Sint Maarten. Er zijn maar 70 bedden hier."

Hoe't de kommende fiif wiken der útsjen sille, wit Gerritsen net. "Ik ben bang dat het à la Italië wordt, met heel veel mensen in de gangen. Maar we gaan het zien."

Rik Gerritsen op Sint Maarten

(Advertinsje)
(Advertinsje)