Omrop TIP: wedstriid SC Cambuur – FC Dordrecht live by Omrop Fryslân

SC Cambuur spilet sneon 22 augustus de lêste oefenwedstriid foar it begjin fan de kompetysje tsjin FC Dordrecht. Minsken dy't der net by wêze kinne, hoege net te treurjen. De wedstriid is fan 14.30 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje, radio en online.
© Omrop Fryslân
Tsjinstanner yn it Cambuurstadion is FC Dordrecht. Ofrûne wike besoarge FC Volendam Cambuur it earste ferlies yn de tarieding op it nije seizoen. Earder wûn de ploech út Ljouwert fan ONS Snits, Harkemase Boys en earedifyzjonisten PEC Zwolle en FC Emmen. SC Cambuur begjint freed 28 augustus oan de nije kompetysje mei in thúswedstriid tsjin NEC út Nijmegen.
De wedstriid SC Cambuur FC Dordrecht begjint om 14.30 oere en wurdt troch Omrop Fryslân op radio en telefyzje útstjoerd. Op telefyzje is de wedstriid te folgjen mei kommentaar fan ferslachjouwer Roelof de Vries. It kommentaar op radio is te hearren yn it programma Sneon yn Fryslân. Ferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget dêr it kommentaar.