Operaasje Fryske Flagge: Jan Dijkstra wennet op Sint Maarten, mar Fryslân bliuwt syn thús

20 aug 2020 - 22:19

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Wa't dat al dien hat, is Jan Dijkstra, hy wennet op Sint Maarten.

Foto: Jan Dijkstra

Jan Dijkstra is berne yn Raerd, mar wennet no sûnt in jier as trije op Sint Maarten. Hy kaam dêr telâne fanwegen syn anty-korrupsjewurk by de Landsrecherche. Hy wie der krekt twa moannen en doe krige er te meitsjen mei de fûle tropyske orkaan Irma. "Ik hoopje it noait wer mei te meitsjen", seit Dijkstra dêroer.

De gefolgen fan de orkaan binne noch altyd te fernimmen. Dijkstra: "Se ha hiel wat wurk om alles wer op de rails te krijen, we binne fansels fan it toerisme ôfhinklik. En no krije we de corona, dus it stiet wer in bytsje stil."

De Fryske flagge betsjut in soad foar Dijkstra, it is it symboal fan syn heitelân. "Fryslân bliuwt altyd myn thús en ik kom der ek geregeld. Dit jier soe ik de Slachte rinne. Oan de oare kant, myn freondinne komt út dizze omkriten wei en dat hat ek wol wat. Dus ik stean eins mei beide fuotten oan wjerssiden fan de oseaan."

Jan Dijkstra

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel is om foarinoar te krijen dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Besjoch de kaart mei oant no ta al mear as 120 ynstjoeringen.

(advertinsje)
(advertinsje)