Scooterrider ferwûne by botsing mei auto yn De Blesse
By in ûngelok oan de Steenwijkerweg yn De Blesse is tongersdeitejûn in scooterrider slim ferwûne rekke. De scooterrider kaam yn botsing mei in auto. Twa ambulânsen en in traumahelikopter waarden oproppen. Hoe't it mei it slachtoffer giet, is net bekend.
De bestjoerder fan de auto kaam by in restaurant wei en hat de scooterrider nei alle gedachten oer de holle sjoen. Neffens omstanners is der ek in twadde persoan ferwûne rekke by it ûngelok.
De Steenwijkerweg wie in skoft ôfsletten foar de helpferliening. It oare ferkear moast dêrom omride.