Diskoteken wolle dúdlikens en perspektyf: "Falt it doek foar it nachtlibben?"

Dúdlikens en perspektyf, dat is wat de nachtklups en diskoteken op dit stuit misse. De organisaasje Nachtbelang stjoert dêrom út namme fan de sektor as needgjalp in brief nei premier Rutte. Hoe lang kinne diskoteken de holle noch boppe wetter hâlde, no't der út de lêste parsekonferinsje oer de coronakrisis ek gjin dúdlikens kaam is foar de sektor?
Diskoteken hoe lang noch
De diskoteken binne al sûnt maart ticht en yntusken sykje de ûndernimmers nei tydlike alternativen. Sa hat Club Red yn Ljouwert fan de dûnsflier in lounge makke. Mar yn stee fan achthûndert man kinne der no mar hûndert yn. Dat is net lang fol te hâlden en it is ûnearlik, fynt eigener Simon Skarey. "Het is gewoon heel moeilijk en we staan een beetje machteloos. We weten niet wat er nog gaat gebeuren, wat er gaat komen. Heel veel ondernemers zitten nu in onzekerheid en dat is heel vervelend."
Eigener Simon Skarey fan Club Red yn Ljouwert
TDF yn Berltsum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
By TDF yn Berltsum binne de dûnsflierren en de skyhut leech. De ûndúdlikheid oer de takomst wurdt soarchlik, fernimt Hylco Reitsma fan de Berltsumer diskoteek. Hy hat grut ferlet fan dúdlikens. "Foardat wy ús saak oars ynrjochtsje, wolle we dochs witte: falt it doek no foar it nachtlibben, foar de diskoteken, of is it in tydlike ûnderbrekking?"
Reitsma hat de saak no mear oerdeis iepen. "It kafee ha wy oars ynrjochte, dat is in deisaak wurden. It wie ek in jûnssaak. Dêrby mochten we it terras fergrutsje, dy mooglikheid ha wy oanpakt. De dochter hat ek kok west yn in oar bedriuw fan ús en dy hat hjir, yn in sealtsje derneist, in ytkafee fan makke. Dat helpt ús wol de simmer troch."
Hylco Reitsma fan TDF yn Berltsum