It Hearrenfean past hoarekatiden opnij oan om coronafirus

De hoareka op It Hearrenfean slút kommende sneontenacht en nije wike sneontenacht om twa oere de doarren. De terrassen geane om ien oere ticht.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De hoareka hie de tiden ôfrûne wykein ek al oanpast, omdat it jûns en nachts sa drok wie dat de coronamaatregels net neilibbe waarden. Mar de sluting fan hoarekasaken en terrassen beide om ien oere soarge krekt foar noch mear drokte. Dêrom is besletten der no in oere ferskil tusken te dwaan.
It ekstra tafersjoch dat der ôfrûne wykein wie, is der de kommende twa wykeinen ek. Dêrnei oerlizze hoareka en gemeente oer hoe't it fierder giet.