Earste fergeze parrebeammen oankommen yn Fryslân

It inisjatyf Meer Bomen Nu besiket 150.000 parrebeammen te rêden fan fersnipperder. De beammen soene nei it bûtenlân, mar dat kin fanwegen de coronakrisis net. Dêrom wurde de beammen oer hiel Nederlân útsutele. De earste 4.000 parrebeammen arrivearren tongersdeitemoarn op Ecopark De Wierde fan Omrin op It Hearrenfean.
Parrebeammen
Yn Fryslân binne de parrebeammen sneon fergees te krijen yn Ljouwert, op It Hearrenfean en yn Wytmarsum. Der binne yn totaal 150.000 beammen net ferkocht yn ferbân mei it coronafirus.
De beammen moatte wol fuortendaalks thús plante wurde mei in soad wetter om de oerlibbingskâns te fergrutsjen. Der kinne maksimaal 50 beammen de man fuortjûn wurde.
Omrin wurket mei oan in systeem dêr't sa folle mooglik grûnstoffen opnij yn brûkt wurde en sa min mooglik fuortsmiten wurdt. Yn dat ramt wurdt ek de parrebeamme-aksje hâlden.