Gjin besmettingen op skoalle De Boustien De Westereen

Gjinien fan de learkrêften fan basisskoalle De Boustien op De Westereen is posityf test op it coronafirus. Dat seit de direkteur fan de skoalle.
De Boustien op De Westereen © Google Street View
Earder fan 'e wike waard in ûnderwizer nei hûs ta stjoerd omdat in gesinslid posityf test hie op it coronafirus. De learkrêften dy't kontakt hân hiene mei de ûnderwizer hawwe harren doe fuortendaliks teste litten. De learlingen binne doe wer oergien op thúsûnderwiis. De groepen sân en acht fan de skoalle hawwe nije wike noch oanpast les. Fierders giet alle wer syn normale gong.
By in skoalle yn Damwâld wie mooglik ek sprake fan in coronabesmetting. Ut in test die bliken dat dat ek net sa wie.