Man (38) ferwûne oantroffen nei stekynsidint yn Ljouwert

In man is tongersdeitemiddei ferwûne rekke nei in stekpartij yn Ljouwert. It giet om in 38-jierrige ynwenner fan Ljouwert. De man waard troch plysjes oantroffen op de Koerierstersespel yn de Fryske haadstêd.
© ProNews
"Het steekincident waardoor de man gewond raakte, is mogelijk niet op de locatie waar wij de gewonde man aantroffen gebeurd, maar ergens anders. Waar is nog niet bekend", seit plysjewurdfierder José van Gijssel.
De man is troch ambulânsepersoniel behannele en oerbrocht nei it sikehûs. Van Gijssel: "We hebben een uitgebreid onderzoek ingesteld om de exacte locatie van het steekincident te achterhalen en daarnaast zijn we op zoek naar een verdachte."
Mear ynformaasje is op it stuit noch net bekend. De plysje freget tsjûgen kontakt op te nimmen.