Kaartferkeap De Lawei úteinset: grutte nammen, mar gjin grutte produksjes

De kaartferkeap by skouboarch De Lawei yn Drachten begjint freed wer nei't dy lange tiid stillei fanwege de coronakrisis. Foarearst binne inkeld foar de moannen septimber en oktober kaarten te krijen. Grutte nammen as Claudia de Breij, Veldhuis & Kemper en Plien & Bianca stean op it programma, mar gjin grutte produksjes.
Lawei start kaartferkeap
Musicals of opera's binne útsteld oant it folgjende seizoen. De sealen sille lang net sa fol sitte as dat der plak is, want it nije teäterseizoen wurdt coronaproof. It publyk krijt in feilige en teätrale ûntfangst, mar hoe krekt, wol De Lawei se noch net ferklappe.
Om 12.00 oere set de kaartferkeap útein. Earst foar de moannen septimber en oktober, want it bliuwt puzzeljen, seit direkteur Stef Avezaat. "Het is ingewikkeld. De zalen zijn op anderhalve meter ingericht en het moet wel uit kunnen."

Kultuer stypje

Sa kinne yn de grutte seal foar 900 minsken no mar 235 minsken telâne. "Dan zie je bij de grote namen dat er een keuze wordt gemaakt. Ze staan vaak alleen op het toneel of met een musicus. Aan de andere kant vinden wij als grote schouwburg dat we de cultuur moeten steunen en het gewoon moeten presenteren."
De Lawei hat it leafst dat de kaarten online of telefoanysk besteld wurde. Mar foar minsken dy't dat net dwaan kinne, is de kassa ek iepen.