Provinsje knapt 58 bunder Natura 2000-gebiet op by Koudum

20 aug 2020 - 13:36

Fan 'e hjerst set de provinsje Fryslân útein mei it opknappen fan mei-inoar 58 bunder Natura 2000-gebiet by de Galamadammen by Koudum. Maatregels om it gebiet wieter te meitsjen, moatte de natuer dêr helpe him fierder te ûntwikkeljen. Dêr profitearje fûgels en fisken fan, mar ek seldsume soarten as de Noardske wrotmûs.

Foto: Hanneke Godthelp

De regionale kearing lâns de Ald Karre komt fierder nei efteren te lizzen. In nij ynlitpunt soarget derfoar dat winters it wetter út de Fryske Boezem op it lân rinne kin. Yn de maitiid bliuwt it dan langer wiet, dat is goed foar skriezen, einen en kwetsbere soarten lykas de reiddomp en de Noardske wrotmûs. Simmerdeis is it lân drûger en groeie der krûden. Ek komt er in nije slink, wat wer goed is foar wetter- en wâlplanten en ridzjende fisken.

Oan de westkant fan it akwadukt wurdt de boppelaach fan de grûn helle, sadat reid better groeie kin. Dat soarget foar mear libbensgebiet foar bysûndere reidfûgels. Oannimmer van de Meer begjint ein augustus mei de útfiering. Foar maart 2021 is it wurk, sa wurdt ferwachte, klear.

Natuer ophelpe

De maatregels binne ûnderdiel fan in grutter programma om natuer lâns de rânen fan de Fluezen en Moarre foar de kwetsbere soarten dy't dêr libje better yn te rjochtsjen. Der wurdt 1,6 miljoen euro ynvestearre yn it gebiet, de provinsje Fryslân en de Europeeske Uny (ELFPO) betelje dêr elk de helte fan.

Yn de ôfrûne twa jier is de mar It Sân al oanpakt. In legere wetterstân, foar fiif jier, moat de groei fan reid stimulearje. De wâlen fan It Sân, de bûtlannen en de wetterhúshâlding yn polder 'de Samenvoeging' binne ferbettere. Ek is de útsjochtoer fan Steatsboskbehear by De Kuilart fernijd en stiet der in ynformaasjepaniel op. Op dat punt is It Sân en de polder goed te sjen.

Gearwurking

De natuermaatregels by de Galamadammen binne ûnderdiel fan it Natura 2000-behearplan foar it Fryske Marregebiet. De provinsje wurket dêryn gear mei It Fryske Gea - ek eigener fan it gebiet by de Galamadammen -, Steatsboskbehear, Wetterskip Fryslân en Agrarisch Collectief Súdwestkust.

(Advertinsje)
(Advertinsje)