Soargen oer krimp yn bousektor, "takom jier oprinnend nei fiif prosint"

De bou giet in drege tiid temjitte. Nei seis jier fan groei, is der dit jier foar it earst sprake fan in lichte krimp. Takom jier kin dy krimp oprinne nei fiif prosint of mear. Dat stiet yn in rapport fan de ING-bank oer de bou. Wat binne de oarsaken fan dy krimp yn de bou?
© Shutterstock
De krimp hat alles te krijen mei de coronakrisis dy't foar ûnwissichheid en minder nije oarders soarget, seit Marten Cornel fan wurkjouwersorganisaasje Bouwend Nederland. Mar it stikstof- en PFAS-fraachstik spilet ek mei. Dêrtroch jouwe in soad legere oerheden lykas provinsjes en gemeenten gjin opdrachten mear foar bygelyks wegebou. Fierders stekt de evenemintebrânsj "ek gjin kwartsje mear" yn de bou, omdat se it dreech hawwe mei oerlibjen, seit Cornel.
Oan it begjin leit it ek stil.
Marten Cornel
Bouprojekten hawwe yn trochsneed in lang foartrajekt fan fergunningen. "Oan it begjin leit it ek stil", seit Cornel. Hy makket him soargen oer de situaasje. "Oars dogge wy altyd in soad oan lokale projekten, lykas werstel fan lytsere diken en fytspaden. Dat bart no ek net, mei as gefolch in ûnwisse takomst. Aanst moatte wy minsken dien jaan dy't wy letter wer oannimme moatte, as wer better giet. Dat is net goed foar de kontinuiteit."
Fierders stekke wenningbouferieningen minder jild yn nijbouprojekten, omdat se in ferhierdersheffing betelje moatte oan it Ryk. As de Haachske lobby derfoar soarget dat de wenningkorporaasjes dy heffing net mear hoege te beteljen, "dan hawwe wy dêr as bou ek wer wille fan."