GGD: 'Skoallen hoege net fuort ticht by coronabesmetting'

Der is in soad ûnrêst en ûndúdlikens by skoallen omtrint it coronafirus. Moatte bern en learkrêften no wol of net in mûlkapke op? En moat de skoalle ticht by in besmetting? Der is gjin belied foar de maatregels dy't in skoalle nimme moat. Dat wurdt allegear yndividueel besjoen. De GGD hat it dêrtroch drok mei fragen dy't binnen komme.
De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
"Wy krije foaral in soad previntive fragen, as der noch net in soad oan de hân is. Kinne de bern wol nei skoalle? Moatte we har wegerje?", leit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân út. "It is foaral in saak om te witten dat de besmetlikens fan bern oprint hoe âlder se wurde. Alden moatte by bern fan jonger as 12 goed yn de gaten hâlde oft se corona-eftige klachten hawwe. Hawwe se dy net, dan kinne se gewoan nei skoalle ta."

Maatwurk

In soad minsken litte eigen ynterpretaasjes los op klachten dy't se by harren bern sjogge, seit De Graaf: "It bliuwt ek maatwurk. Dêr hawwe we it drok mei."
Skoalpersoniel en âlden hawwe it gefoel dat it ûntbrekt oan belied foar skoallen. De Graaf: "Kinst earst sjen op de webside fan it RIVM en Rijksoverheid. Is der dan noch wat dat yn dy gefal krekt wat oars is, nim dan kontakt op mei dyn kontaktpersoan fan de jeugdsûnenssoarch. Dy stiet wer yn kontakt mei ynfeksjesyktebestriding. Dat jildt foar sawol âlden as skoallen."

Ticht net altyd de maatregel

Yn Damwâld en De Westereen drigen woansdei twa skoallen ticht te sluten om't by learkrêften of by famyljeleden fan skoalbern in coronabesmetting fêststeld wie. De learkrêft fan De Sprankeling yn Damwâld teste lykwols negatyf. De Graaf: "Ik wol skoallen eins in hert ûnder de riem stekke. As in learkrêft posityf test, moatst echt efkes sjen wat der oan de hân is. Hâld goed kontakt mei de GGD, want ticht is net altyd de maatregel."
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân