Sân (mooglike) coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

20 aug 2020 - 12:01

Der lizze op dit stuit sân minsken yn de Fryske sikehûzen dy't besmet binne mei it coronafirus of it firus nei alle gedachten ûnder de lea hawwe. Trije pasjinten binne opnaam op de Intensive Care. Dat meldt it Regionaal Overleg Acute Zorg (ROAZ). De sifers foar Noard-Nederlân binne foar it earst nei de simmerstop wer bekend makke. Yn sikehûzen yn Grinslân en Drinte binne gjin coronapasjinten opnommen.

Oantal coronapasjinten op in IC-bêd:

*Klik op it kleurde baltsje ûnder de grafyk foar sifers foar eltse provinsje

Oantal coronapasjinten op oare ôfdielings:

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus IC
(Advertinsje)
(Advertinsje)