Tal WW-útkearings yn july mei 27% tanaam yn ferliking mei jier lyn

20 aug 2020 - 11:25

It oantal WW-útkearings yn Fryslân is yn july is mei 27,4 persint tanaam yn ferliking mei dyselde moanne in jier earder. Yn july fan dit jier fregen 2.434 Friezen in WW-útkearing oan. Dy stiging komt troch de útbraak fan it coronafirus. Yn de moannen maart oant en mei maaie ferlearen benammen jongeren mei in útstjoerkontrakt of tydlik kontrakt harren baan. Ein july 2020 telde Fryslân 11.317 WW-útkearings. Dat is 3,3 persint fan de Fryske beropsbefolking.

It gebou fan it UWV yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

It oantal WW-útkearings yn Fryslân naam in july yn ferliking mei de moanne derfoar in bytsje ôf, mei 89. Grutte faktor dêryn is seizoenswurk. Yn sektoaren as de lânbou, grienfoarsjenning, hoareka en bou wie it heechseizoen en wie der mear wurk.

Yn it ûnderwiis ferlearen lykwols in soad dosinten harren baan om't tydlike kontrakten oan de ein fan it skoaljier beëinige waarden. De delgong fan de WW yn de ôfrûne moanne docht him benammen foar ûnder jongerein. Sy hawwe faker in koartrinnende útkearing en wurkje faker op tydlike basis yn seizoenswurk.

'Kânsrike beroppen'

Sûnt de útbraak fan it coronafirus is de arbeidsmerk bot feroare. In soad minsken binne op syk nei oar wurk, sa nedich yn in oare sektor. Dochs binne der noch altyd beroppen mei fakatueres dêr't gjin kandidaat foar fûn wurde kin, al binne dat der minder as in jier lyn.

It UWV hat in oersjoch makke fan 'kânsrike en minder kânsrike beroppen'. Kânsryk binne op dit stuit soarchberoppen. Ek fan learkrêften, ict'ers, monteurs, akkountants en hofkers is in soad ferlet. Minder kânsrike beroppen binne dy yn de hoareka, ferkeap, befeiliging, transport en logistyk.

Lanlik

Lanlik sjoen bleau it oantal WW-útkearings yn july hast lyk oan dat fan de moanne derfoar. Ein july telde Nederlân 300.801 WW-útkearings, 3,2 persint fan de beropsbefolking. Yn de helte fan de provinsjes gie it oantal WW-útkearings omleech. Dy ôfname wie it grutst yn provinsjes mei in soad seizoenswurk, lykas yn it Noarden en Seelân. Yn oare provinsjes gie de WW in bytsje omheech.

In jier lyn telde Nederlân noch 233.934 WW-útkearings. Dêrmei gie de WW yn Nederlân op jierbasis mei 28,6 persint omheech. Dy stiging op jierbasis is yn alle provinsjes te sjen.

Yn july wie de ûntwikkeling fan de WW yn it Noarden geunstiger as yn de measte oare regio's. Yn Fryslân, Grinslân en Drinte naam it oantal WW-útkearings ôf. Yn ferliking mei foarich jier wie oeral yn it Noarden in tanimming fan it oantal WW-útkearings te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)