Blau-alch oantroffen yn swimwetter Ljouwert en Sumar

20 aug 2020 - 10:11

By Grutte en Lytse Wielen yn Ljouwert en rekreaasjeterrein Klein Zwitserland oan de Burgumer Mar by Sumar jildt sûnt woansdei in negatyf swimadvys fanwegen blau-alch.

Pompeblêden, blau-alch, smoarch wetter, alch - Foto: Omrop Fryslân Oane Hoekstra

De Lytse Wielen, ek wol bekend as de Griene Stjer, en de Grutte Wielen lizze oan de eastkant fan Ljouwert. Rekreaasjeterrein Klein Zwitserland leit oan de westkant fan de Burgumer Mar, oan de súdkant fan de útmûning fan it Prinses Margrietkanaal. De wetterkwaliteit is neffens de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) op beide plakken no net op peil en riedt ôf om der te swimmen.

De blau-alch, gjin echte alch mar in baktearje, ûntstiet as stilsteand wetter waarmer wurdt. Der komme dan tsjokke driuwlagen mei it guod op it wetter. Dêr komme giftige stoffen út frij, dy't by minsken dy't dermei yn oanrekking komme, soargje foar yrritaasje oan de hûd en eagen. As minsken it guod binnen krije, kinne se klachten krije as mislikens, búkkramp, spuie en diarree.

(advertinsje)
(advertinsje)