Kollum: "Dunning-kruger"

20 aug 2020 - 08:23

"Presidint Trump fan Amearika sei fan 'e wike dat hy net allinnich in twadde, mar ek in tredde termyn wol, as presidint. Om't der spionearre wêze soe yn syn kampanje - wat net bard is neffens in detaillearre FBI-ûndersyk - wol hy dizze fjouwer jier nochris dwaan. In tredde termyn mei neffens de grûnwet net. Trump sil de skiednis yn gean as de grutste oplichter en praatsjemakker dy't ea presidint west hat.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Syn folgers binne kritykleas. Se neame, lykas harren lieder, de sjoernalistyk 'fake news'. Main Stream Media, MSM, is in skelwurd, en mei MSM, wurdt sa'n bytsje alle sjoernalistyk bedoeld dy wol krityk hat. En dat bliuwt net beheind ta Amearika.

Ferline wike hie ik it op dit plak oer corona en de maatregels tsjin de fersprieding dêr fan. Der kaam in reaksje op fan in harker. Dy begûn sa: 'Spitich datsto yn eangst libbest. Miskien komt dat omdatsto allinnich de msm folgest.(sic)' De harker bewearde dat der gjin nije besmettingen binne, hielendal yn line mei Trump.

Yn it earste plak omdat dy út en te nei folhâldt dat it testen de iennige reden is dat Amearika safolle 'cases' hat. Hy is der hillich fan oertsjûge dat as je net teste, der ek gjin besmettingen binne. Totaal ûnlogysk, mar de man hat it meardere kearen sein. Yn it twadde plak troch de diskwalifikaasje fan de media dy't ik neffens de harker folgje. MSM is fake, omdat it fierstente kritysk is. Of just net, krekt hoe't it út komt. En op it tredde plak stiene der yn 'e reaksje tal fan links, nei komplotwebsides en YouTubekanalen. Trump ferwiist dêr ek graach nei.

Ik klik en sjoch in man dy't syn kanaal yntrodusearret mei te sizzen dat it prima is om te roken, dat hy as rebel ûnpopulêr is yn 'e sjoernalistyk, en dat der enoarme problemen binne dêr't minsken net fan witte wat se der mei moatte omdat se de hier betelje moatte.

Ik ha, op basis fan tal oan wittenskiplike ûndersiken, in probleem mei roken, en ik fyn dat je soks net yn byld bringe moatte as wat dat 'ûntspant'. Dat is gjin ûnderdrukking fan oerheidswege, dat is sûn ferstân. Ik fyn dêrnei dat je josels wol as 'rebel' delsette kinne, mar dat it yntusken nochal mainstream is om 'rebel' te wêzen. En ik fyn it prima dat je sizze dat der problemen binne en dat de oerheid der hjir en dêr in potsje fan makket, mar om dat fan efter in grouwe sigaar, mei tsjustere ferljochting en in air fan rebelly te bringen, is in bytsje bespotlik. Mar it leveret trouwe en kritykleaze folgers op; sokke mantsjes miene dat se hiel wat binne

It mantsje hat in petear mei Lange Frans, de 'rebel' dy't Mark Rutte wol omlizze woe, mar dat fanwegen karma dochs noch mar even net dien hat. In filmke mei de titel 'Het Westen Wankelt'. In tekst oer dat banken ûnderdrukkers binne. Hy is inisjatyfnimmer fan in stichting dy't fynt dat banken minsken mei in babbeltrúk hypoteken oansmard ha, sûnder te fertellen wat de risiko's wiene.

Want wat falt minsken dy't in hegere hypoteek nommen ha dan harren hûs weardich is yn fredesnamme sels te ferwiten? De rjochtsaak is ferlern. Dus no binne de problemen de skuld fan oerheid, ymmigranten en Angela Merkel. De man slingeret de iene fertochtmakking nei de oare babbeltrúk - hé noch in kear dat wurd? - de kamera yn, en sil koste wat it kostet foarkomme dat hy sjoen wurdt as immen mei fragen. De kearn fan sjoernalistyk, sis ik dan.

Der is in bekend fenomeen yn 'e psychology, dat it Dunning-kruger effekt hjit. Dat is dat minsken dy't ynkompetint binne, just troch harren ynkompetinsje net yn 'e gaten ha dat se ynkompetint binne. Oftewol, lju dy't miene it te witten, en fol fertrouwen ta ferkearde konklúzjes komme.

Yn 'e "boargersjoernalistyk" sjoch ik it Dunning-kruger-effekt oeral. Op dit YouTubekanaaltsje driuwt it nei trije wurden al nei boppen. Sawol makkers as folgers binne ynkompetint op it mêd wêr't se it oer ha, en lûke allegearre ferkearde konklúzjes. Nee, de wrâld is net perfekt, mar dat is op himsels nearne in bewiis foar. Doch ûndersyk. Lês boeken. Folgje logika.

Trump is it grutste bewiis foar it bestean fan it Dunning-kruger effekt. En hy sleept hiele folksstammen dêr yn mei. En sa bedarret in Fryske Omrop-harker op komplotwebsites en misliedende YouTubekanaaltsjes. De fertochtmakkingen, de dizige teksten, en foaral it ôfdwaan fan MSM-sjoernalisten as ûnbetrouber, toant ynkompetinsje.

Ja, der giet in protte mis yn 'e MSM-sjoernalistyk, mar der is gjin beropsgroep dy't himsels sa de maat nimt as sjoernalisten. De Trump-lemmingen moatte wekker wurde. Se rinne kritykleas oan efter mantsjes dy't der baat by ha om Main Stream sjoernalistyk fertocht te meitsjen. En fan nochtere Friezen ferwachtsje ik sawiesa mear."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)