'Ooststellingwerf draait door': gemeenteried kiest foar ûnôfhinklik adviseur

De ûnderbrekking fan 21 oeren hat in positive útwurking hân op de alve partijen yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf. De partijen koene it tiisdei net iens wurde oer de bêste wize om de bestjoerskrisis oan te pakken. In mienskiplik foarstel foar it oanlûken fan in ûnôfhinklik adviseur mei as titel 'Ooststellingwerf draait door' bea woansdeitejûn soelaas.
Ried Eaststellingwerf beslút om in ûnôfhinklik adviseur oan te lûken © Omrop Fryslân
Opposysjepartijen kamen tiisdei noch mar mei leafst trije plannen, sûnder dat dêr foldwaande draachflak foar wie. It ekstra oerlis op woansdei feroare de saak. GroenLinks en VVD, WijLokaal, StellingwerfPLUS en Ter Heide makken fan de eigen foarstellen in mienskiplik foarstel foar it oanlûken fan in ûnôfhinklik adviseur, ûnder de titel 'Ooststellingwerf draait door'.

Unanym stipe

It nije foarstel waard fuortendaalks omearme troch de koälysjepartijen CDA, PvdA en Ooststellingwerfs Belang en sadwaande waard de moasje unanym stipe en koe de ried al nei trije kertier wer nei hûs.
Fraksjefoarsitter Henk Vos fan GroenLinks oer 'Ooststellingwerf Draait Door'

Fjirde wethâlder?

"Het letterlijk laten doordraaien van de gemeente is altijd ons doel geweest", fertelt fraksjefoarsitter Henk Vos fan GrienLinks. "Het voorstel is een echt compromis geworden. Het is de bedoeling dat er nu heel snel een bestuursadviseur aan de slag gaat, die binnen vier weken met een rapport en adviezen komt."
Ien fan de saken dy't de adviseur ûndersykje sil is it oanlûken fan in fjirde wethâlder, dy't it draachflak fan it minderheidskolleezje fergrutsje moat. De komst fan dy fjirde wethâlder stiet lykwols noch net fêst. De adviseur moat earst syn of har wurk dwaan en dy adviseur kin ek oare saken foarstelle om de bestjoerskultuer te ferbetterjen.
"Het gaat om het doorbreken van de wij/zij-cultuur in deze gemeente", seit fraksjefoarsitter Henk Dongstra fan Ooststellingwerfs Belang. "Dat dit vandaag is gelukt is een goeie eerste stap op weg naar een oplossing."
De bestjoerskrisis ûntstie trochdat twa riedsleden fan syn partij de fraksje ferlieten, wêrtroch't it draachflak fan it kolleezje wer in stik lytser waard. "Ik ga met een goed gevoel naar huis, maar ik ben de eerste week niet bereikbaar. Officieel hebben we reces, maar ik doe al wekenlang niets anders dan overleggen."
Fraksjefoarsitter Dongstra fan Ooststellingwerfs Belang

Bliid ferrast

Wethâlder Fimke Hylkema fan de PvdA wie woansdei bliid ferrast oer it ienriedige optreden fan de gemeenteried. "As in ried mei lulke hollen foarinoar oer stiet is dat net goed foar de gemeente en har ynwenners. Ik bin hiel bliid dat der in ûndersyk komt. Wat der útkomt moatte wy ôfwachtsje."
Hylkema fynt it bestjoeren mei in minderheidskolleezje op himsels gjin probleem. "Wy binne wend om mei wikseljende mearderheden te wurkjen. Eltse partij moat yn de ried wat berikke kinne, dat jildt likegoed foar koälysjepartijen as opposysjepartijen."
Wethâlder Fimke Hylkema is bliid dat de gemeenteried no ienriedich is