Brandsma pakt deititel by fierljeppen, spektakelsprong fan Wisse Broekstra

19 aug 2020 - 21:04

It wie by de fierljepwedstriid yn Bûtenpost op 'e nij in finale sûnder Ysbrand Galama. Nard Brandsma fan Warkum profitearre dêr lykwols fan en ljepte mei 20.57 nei de einoerwinning by de senioaren. Bart Helmholt waard - op syn jierdei - de twadde, folge troch Thewis Hobma fan Harns dy't syn fierste seizoenssprong oant no ta makke mei 19.34 meter. Mar net allinne de senioaren, ek de jonges soargen foar fjoerwurk yn Bûtenpost.

Yn de finale by de jonges pakte Wisse Broekstra fan Tsjummearum it earste plak. Hy foel twa kear yn it wetter, mar syn sprong fan 19.92 meter út de foarwedstriden wie genôch om de posysje te behâlden. Wytse Steensma fan De Jouwer (17.14 meter) en Douwe Abma fan De Hommerts (16.56 meter) waarden twa en trije. It wie al in spektakel yn de foarwedstriden fan de jonges topklasse.

Frysk rekôr

Wisse Broekstra ljepte dus - noch hieltyd mei in brutsen tean - in ôfstân fan leafst 19.92 meter. In Frysk rekôr, want dat stie sûnt 2010 op namme fan Age Hulder (19.24 m. yn It Heidenskip). It Nederlânsk jongesrekôr stiet sûnt 2018 op 20.30 meter, fan Reinier Overbeek. Ofrûne wykein pakte Broekstra yn de finale al de earste priis, doe mei 16.96 meter. Ek foar Douwe Abma wie it no in goeie jûn, want mei de 16.56 meter helle hy in persoanlik rekôr binnen.

Brandsma pakt earste plak

Yn de oergongsklasse ljepte Oane Galama fan Hilaard syn fierste seizoenssprong oant no ta: 19.34 meter. Hy waard earste, folge troch Rutger Piersma fan It Heidenskip (18.40 meter) en Jarno Hoekstra fan Drylts (17.65). Dat makke dat Galama yn de finale tsjin de senioaren mocht, dêr't hy fjirde waard.

Age Hulder fan Burgum sprong syn fierste seizoenssprong mei 19.33 meter. Hy waard dêrmei tredde by de senioaren topklasse. Nard Brandsma fan Warkum (20.57 meter) en Bart Helmholt fan Noardburgum (20.00 meter) waarden 1 en 2. In opstekker foar Helmholt, dy't ek nochris jierdei wie woansdei. Foar Ysbrand Galama gjin finale op dizze dei. De favoryt ljepte yn de earste sprong 18.76 meter, en foel dêrnei twa kear yn it wetter.

Ysbrand pakt wol rekôr ôf fan broer

Ysbrand Galama pakte lykwols wol in Frysk rekôr: it heechste tal meters dat yn de sân bêste wedstriden byinoar ljept is. Foar him is dat 144.30 meter. Hy pakt dêrmei it klassemintsrekôr ôf fan syn broer Oane Galama, dy't yn 2014 noch ta 144.09 meter kaam. It Nederlânsk klassemintsrekôr stiet op namme fan Jaco de Groot (146.64 m)

Gjin ferrassingen by de famkes

Yn de finale helle Pytrix Westra fan Burgum mei 14.92 it earste plak. Dat is foar har de fierste sprong dit seizoen. Hanneke Westert fan Snits (13.52 meter) en Inger Haanstra fan It Heidenskip (13.17 meter) waarden twadde en tredde. Dat wie ek al de folchoarder yn de foarwedstriden: Westra (13.94 meter), Westert (13.19 meter) en Haanstra (13.17 meter). Bysûnder is dat Pytrix Westra as famke dizze wedstriid fierder ljepte as de froulju,

Sigrid Bokma fan Hylpen waard mei 14.57 meter earste by de froulju yn de foarwedstriden, folge troch Tessa Kramer fan It Heidenskip (13.93 meter) en Femke Rispens fan Niehove (13.86 meter). Yn de finale kamen de froulju net mear oer dizze ôfstannen hinne. Diskear gjin Marrit van der Wal by de dielnimmers, ek Maureen Poiesz wie der net by.

By de junioaren wie de top trije: Rutger Haanstra (17.91 meter) fan It Heidenskip, Wietse Nauta (17.83 meter) fan Drylts en Riemer Durk Krol fan Heech (16.58 meter).

Trefwurden: 
fierljeppen Bûtenpost
(advertinsje)
(advertinsje)