Provinsje jout twa ton foar koartere fytsrûte nei skoalle Mullum

19 aug 2020 - 20:05

De provinsje Fryslân jout 200.000 euro subsydzje foar in fytspaad tusken Winaam en Mullum. It fytspaad moat derfoar soargje dat skoalbern út Winaam rap en feilich nei de basisskoalle Middelstein yn Mullum fytse kinne. It jild komt út it projekt Fyts!mpuls. Ek de gemeente Harns betellet mei.

De Middelstein yn Mullum - Foto: Google Street View

Nei't de basisskoalle yn Winaam yn 2013 ticht gie, brûke de skoalbern benammen de Haulewei (N393) en de Harnzerstrjitwei om yn Mullum te kommen. De nije fytsferbining rint ridlik rjocht tusken beide doarpen en is twa kilometer koarter as de rûte fan no.

Op it plak dêr't it nije fytspaad de provinsjale dyk (N390) krúst, komt in fytstunnel. De ferwachting is dat it nije fytspaad yn de maitiid fan 2021 klear is.

(advertinsje)
(advertinsje)