Wedstriden SKS skrast, mar wat dogge it fierljeppen en it keatsen?

19 aug 2020 - 17:47

De SKS hat besletten dat de sylwedstriden yn it jubileumwykein fan 12-13 septimber net trochgeane, mar ferskate oare Fryske sporten hawwe noch wol eveneminten op de rol stean. Sa is de fierljepkompetysje yn folle gong en dat seizoen wurdt yn septimber ôfsletten mei it Frysk Kampioenskip én it Nederlânsk kampioenskip. Ek yn de keatserij steane noch wat partijen op it programma. Earst noch ferskate haadklassepartijen en ein septimber de Frouljus PC yn Weidum.

Yn Langwar wie Piet Boer, fan de pleatslike skûtsjekommisje, de ôfrûne wiken drok dwaande mei de jubileumwedstriden fan de SKS. Sa makke hy trije ferskate plannen, dy't elts op eigen wize rekken holden mei de coronamaatregels. "Normaal gesproken hebben we hier tijdens het skûtsjesilen drie- tot vijfduizend mensen in het dorp. Met de anderhalve meter in het achterhoofd redden we dat natuurlijk niet."

Langwar opdield yn fiif stikken

En dus gie Boer oan it puzeljen. Hy makke trije senario's, wêrby't hy bygelyks it doarp opdielde yn fiif stikken. Yn elts stik wie plak foar 250 minsken, dy't op oardel meter fan inoar sieten. "Allemaal aan de oever van de Langwarder Wielen, om de wedstrijden goed te kunnen zien. Ook bij mensen in de achtertuin overigens. Die mensen weten dat niet, maar ik had hun achtertuin weggegeven als tribune."

Dochs gie it allegear net troch. "Je moet als organisatie geen risico's nemen om mee te doen aan verspreiding van het virus. Dat moet je juist tegengaan. Daar past een feest als dit niet bij. Op papier kan een plan nog zo goed werken, iedereen hier in Langweer weet dat de praktijk toch weer anders is. Wij gunnen skûtsjefans, Langweer, onze schipper en onze bemanning dit feest, maar het kan gewoon niet. Dus dan moeten we het niet doen."

Piet Boer fan de kommisje fan Langwar

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Teije Dyk, foarsitter fan it Frysk fierljepbûn, tinkt dat as it firus net grutter wurdt dat it Frysk en Nederlânsk Kampioenskip fierljeppen wol úteinsette. "Sa't it no stiet kin it trochgean. Der mei gjin publyk by wêze, wy hawwe besletten om dêr mar dúdlik en konsekwint yn te wêzen om problemen op it mêd fan corona foar te kommen. Der meie allinne in tal gasten en famylje fan de fierljeppers by wêze, mear net."

Gjin publyk by FK en NK fierljeppen

Koartlyn waard bekend dat de Nationale Fierljep Manifestatie yn Fryslân just nét trochgiet. "Dêr sit dochs wol in ferskil tusken. Op de Manifestatie komme folle mear ljepper ôf, in pear hûndert. De ljeppers dy't yn de moarntiid al ôffalle dy binne dan ek al suver publyk. Der soene mear minsken wêze dan dat kin. En as der gjin minsken by meie, is de wille der ek wol ôf. Dat hat mei it karakter fan dy wedstriid te krijen, mar foar it FK en NK leit dat wat oars. Dy binne minder massaal."

Teije Dyk, foarsitter fan it Frysk Ljeppers Boun

Frouljus PC yn 2019 - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

By de keatspartijen oant no ta kaam aardich wat publyk. Sa moast Reduzum ôfrûne wykein al oan it begjin fan de middei de yngong tichtsmite, omdat it te drok waard. Hoe komt dat de rest fan dit keatsseizoen, no't it firus ek yn Fryslân wer om him hinne slacht? "Wy folgje de parsekonferinsjes mei grutte belangstelling. It is altyd spannend wat der barre sil en oft wy dêrop antisipearje moatte", seit Marco Hoekstra fan it keatsbûn KNKB.

Hy tinkt dat it oant no ta hartstikke bêst giet. "Op in pear mominten wiene der te folle minsken te ticht op inoar, mar doe hawwe wy besocht maatregels te nimmen. Yn gearwurking mei de gemeente, de ferieningen hawwe protokollen opsteld. Dêr komme wy goed út. Mas as it baltsje op in beskaat momint slein wurdt, dan ferfalle wy wolris efkes. Mar dêr besykje wy op te stjoeren."

Yngripe lykas yn Reduzum

Der is al op in pear mominten yngrepen. "Wy hawwe in pear kear in oprop dien om wol dy 1,5 te hanthavenjen. En de steanplakken ferfalle. De ferieningen moatte dêrmei mear sitplakken generearje. As der minsken steane, is der in soad beweging. As der dan skoft is en minsken wolle wat ite of drinke, dan komme minsken tefolle byinoar. En wy kinne ek wat dwaan oan it maksimale tal minsken, sa't it ferline wike yn Reduzum ek dien is. Doe is der oproppen om net mear te kommen. Sy hawwe sjen litten dat it echt wol kin."

Frouljus PC

Ek it bestjoer fan de Frouljus PC lit witte dat de partij trochgiet, salang't de omstannichheden net feroarje wat it coronafirus oanbelanget. It tal besikers bliuwt beheind ta sa'n 600, dy't yn it foar allegear in kaartsje keapje moatte. Hoekstra makket him dus noch gjin soargen oer dy Frouljus PC. "Earst noch net. Mocht der in fierdere oanskerping komme, dan mooglik wol. Mar sa't it no liket net."

Marco Hoekstra fan it KNKB

(advertinsje)
(advertinsje)