Aaiwytmaatregel en dus ek koart pleit tsjin dat beslút definityf fan tafel

De maatregel foar minder aaiwyt yn it feefoer dy't lânbouminister Carola Schouten ynfiere woe, giet definityf fan tafel. Dat makke de minister woansdeitemiddei sels bekend. It gefolch fan dizze tasizzing troch Schouten is dat ek it koart pleit tsjin de maatregel, dat tongersdei wêze soe, no fan de baan is. Dat hat de Stichting Stikstofclaim befêstige.
© Shutterstock.com
Tsjin de feefoermaatregels hat de ôfrûne tiid in soad ferset west. Veiligheidsregio's hawwe begjin july sels ferbodden oplein om te protestearjen mei trekkers. It kabinet woe mei it ferleegjen fan it aaiwytgehalte yn it feefoer soargje foar minder útstjit fan stikstof, wêrtroch't bou- en dykprojekten trochgean koene.
Mar ûndersyk fan Wageningen Universiteit hat no sjen litten dat de boeren mear aaiwytryk krêftfoer nedich hawwe, no't it aaiwytgehalte yn it gers troch de drûchte minder is. Hjirtroch is de stikstofwinst fan de maatregel sa goed as nul en dêrom wurdt de maatregel net ynfierd.
De stikstofromte dy't nedich is foar bou- en dykprojekten moat no op in oare wize realisearre wurde. In grutter diel fan de stikstofromte sil komme út de waarme sanearring fan bargehâlderijen, dêr't it kabinet al in skoft mei dwaande is.