Wa wol der fergees in parrebeam? 12.000 parrebeammen komme nei Fryslân

19 aug 2020 - 17:09

It inisjatyf Meer Bomen Nu besiket 150.000 parrebeammen te rêden fan fersnipperder. De beammen soene nei it bûtenlân, mar dat kin fanwegen de coronakrisis net. Dêrom wol Meer Bomen Nu de beammen oer hiel Nederlân útsutelje. Minsken kinne fergees in beam krije. Sa'n 12.000 parrebeammen komme tongersdei nei Fryslân. Se binne sneon te krijen yn Ljouwert, op It Hearrenfean en yn Wytmarsum.

Foto: Shutterstock.com (Mirages.nl)

It binne der nochal wat, mar projektlieder Tsjeard Hofstra tinkt dat it wol slagje sil. "Wy hawwe proefdraaid by Utrecht. Dêr wiene wy yn koarte tiid al 3.000 kwyt. Dit binne der wol mear, mar wy dogge it ek mei meardere lokaasjes. By Omrin op It Hearrenfean binne se entûsjast en de manlju en froulju hawwe de skouders der ûnder set. Dêr binne 8.000 beammen en dy kinne sneontemoarn tusken njoggen en tolve ophelle wurde troch eltsenien. Minsken meie maksimaal 50 parrebeammen ophelje. Der is in drive-through makke om it coronaproof op te heljen. En yn Ljouwert steane op bedriuwepark De Zwette ek noch 4.000, dy kinne by it fabryk oan de James Wattstrjitte ophelle wurde.

It binne hânparren, je kinne se ite. "De kwekers brûke se oars om produksje op te draaien. No't se net mear nei it bûtenlân kinne, kinne se de brân yn óf yn de grûn sette om der noch in frucht fan te iten."

"Wat is moaier as in par út eigen tún"

Hofstra leit út wat it inisjatyf Meer Bomen Nu docht en hoe't sy ynienen oan tûzenen parrebeammen kaam binne. "Wy binne dwaande mei in miljoen beammen groeie te litten takom plantseizoen. Doe kaam der in kweker by ús dy't sei: ik haw wat fruitbeammen en dy wol ik wol oan jimme donearje. Sa wiene wy dat mei goed 40.000 oan it besykjen. En doe kaam in oar dy't sei: ik haw noch 150.000. Wy tochten: bliksem, no stiet ús wat te barren. Litte wy it mar gewoan dwaan. Wy diele se út oan eltsenien dy't in beam hawwe wol yn de tún. Mar it mei ek bygelyks in skoalle wêze dy't der ien hawwe wol. It giet der om dat se de grûn yn gean en groeien bliuwe."

Minsken kinne de parren dus fergees krije. Der wurdt allinne in donaasje frege, frijwillich. "De transportkosten binne betelle troch de partijen dy't de skouders der ûnder set hawwe. Wy sette der wol in QR-koade by sa't minsken in donaasje dwaan kinne. It soe moai wêze as minsken symboalysk in euro donearje wolle. It hoecht net folle te wêzen, mar alles helpt. Wat is no moaier as in par út eigen tún."

Projektlieder Tsjeard Hofstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)