Nynke Koopmans: "Koart pleit Stichting Stikstofclaim giet troch"

19 aug 2020 - 16:25

De aaiwytmaatregel dy't lânbouminister Schouten ynfiere woe giet fan tafel. Tsjin de feefoermaatregels is in soad ferset. It kabinet woe mei it ferleegjen fan it aaiwytgehalte yn it feefoer soargje foar minder útstjit fan stikstof. Mar Stichting Stikstofclaim hat fernommen dat de maatregel útsteld wurdt, en dus noch net offisjeel skrast wurdt. Dêrom giet it koart pleit tongersdei noch gewoan troch, sa fertelt Nynke Koopmans fan Stichting Stikstofclaim.

Nynke Koopmans

"Wy binne der bliid mei dat de minister har no yntusken wol ôffreget oft it wol sa'n goed idee is," seit Koopmans. "Der is al moannen troch de sektor sein dat it net goed is foar it bistewolwêzen fan de kij. Mar it liket der op dat sy der wol maklik foar wei komt. Dus it koart pleit giet wol gewoan troch. Wy binne benijd wêr't de minister mei komt. As sy de krityk erkent en echt oanjout dat it net trochgiet, dan soe it koart pleit noch skrast wurde kinne."

Sieta van Keimpema:

Reaksje Sieta van Keimpema

(Advertinsje)
(Advertinsje)