SAR Nederland feilt bysûndere foto fan earste F-35 by fleanbasis Ljouwert

19 aug 2020 - 15:31

De kommandant fan de fleanbasis yn Ljouwert hat de SAR Nederland in moai kadootsje jûn: it is in foto fan de alderearste F-35 dy't yn de loft tankt waard foar't hy op de fleanbasis Ljouwert oankaam. Boppedat sit der ek noch in embleem by fan de fleanbasis. Omdat de SAR in frijwilligersklup is dy't jild nedich hat, sille sy dizze unike foto feile.

Foto: Houwina Postma

Koördinator Houwina Postma fan de SAR fynt it tige spesjaal. "Van de commandant van de vliegbasis Henk Doorten hebben we een prachtig geschenk gekregen dat we mogen veilen. We zijn er heel blij mee, vooral omdat dit het beeld is van de eerste F-35 die in Leeuwarden aankwam. En het geld kunnen we natuurlijk goed gebruiken voor nieuw materiaal."

Soad nedich

SAR Nederland draait op frijwilligers, mar tagelyk wurdt wol in soad fan dizze minsken frege. Bygelyks by grutte sykaksjes by it wetter. "Als je professioneel wilt inzetten, heb je goed materiaal nodig. Dat materiaal veroudert, dus daarom is het een mooi geschenk. We hebben nog zoveel nodig, voor de nieuwe boot bijvoorbeeld. We kunnen heel veel gebruiken."

Dêrom dus de feiling, seit Postma. "We hebben op de website van de SAR een aantal foto's staan. Daar kunnen mensen ook een bod dien. Bij de echte spotters in Nederland zou dit heel mooi staan aan de wand."

Koördinator Houwina Postma fan SAR

Trefwurden: 
foto feiling F-35 SAR
(Advertinsje)
(Advertinsje)