Minister Wiebes set plannen foar gaswinning by Aldlemmer troch

19 aug 2020 - 17:10

Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat set troch mei de plannen om gas te winnen by Aldlemmer yn Weststellingwerf. Minsken dy't in sjenswize yntsjinne hawwe, krigen tiisdei in brief dêr't yn stiet dat de minister ynstimt mei it winningsplan: wat ynhâldt dat de produksje fan Vermillion út dat gasfjild werstart wurdt, uterlik oant 2040.

Bekendmakking foar de gaswinning by Aldlemmer fan it ministearje - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

In beslút ta ynstimmen op it winningsplan leit fan 18 augustus oant en mei 29 septimber ta besjen. As minsken belanghawwend binne en it net iens binne mei it beslút, kinne sy oant 29 septimber in berop ynstelle by de Ried fan Steat.

Gemeenten net te sprekken

Gemeenten Weststellingwerf en De Fryske Marren binne poer tsjin de plannen. De gemeenten ferwachtsje oerlêst, en boppedat is der net wat regele as der skea ûntstiet troch de gaswinning. Gemeente De Fryske Marren hat oanjûn it berjocht krigen te hawwen en te wurkjen oan in berjocht foar de ried en ynwenners.

Yn 1985 waard by Aldlemmer yn de gemeente Weststellngwerf gas fûn en yn 1993 waard it earste gas út de grûn helle. Sûnt it jier 2014 leit de winning stil. Vermilion wol no wer fierdergean, troch skean de boarjen yn de gemeente De Fryske Marren nei Aldlemmer dat yn Weststellingwerf leit. De feitlike gaswinning fynt plak ûnder it grûngebiet fan De Fryske Marren,

(Advertinsje)
(Advertinsje)