Tussendiepen Drachten foardroegen as nije lokaasje swimbad De Welle

De bêste lokaasje foar it nije swimbad De Welle yn Drachten is op de Tussendiepen. Dat is it foarstel dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân tiisdeitejûn die oan de gemeenteried. Dizze lokaasje is neffens it kolleezje better as de oare mooglikheden: de Sportlaan en de Noorderhogeweg.
It âlde swimbad De Welle © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It kolleezje liet foar de simmer in advysburo ûndersykje hokker fan de trije lokaasjes it geskiktst wêze soe. Dêrby is ûnder mear sjoen nei de romtlike oardering, lanskiplike wearde, fytsberikberens, fysike beheinings en ekonomyske mooglikheden. Dêrneist basearret it kolleezje syn kar op petearen dy't de ôfrûne tiid fierd binne mei stakeholders en inisjatyfnimmers en op basis fan besites oan de ferskillende lokaasjes.

Driuwtsjil

Dêrút hat bliken dien dat de Tussendiepen en de Sportlaan heech skoare op alle punten. "De Tussendiepen is het grootste en oudste industrieterrein van Fryslân. Het is een gebied dat door zijn ouderdom toe is aan vernieuwing", leit wethâlder Felix van Beek út. "Sportlaan is een goede en veilige keuze, maar bij een investering van deze omvang zal de Tussendiepen als een vliegwiel functioneren om de bestaande plannen voor dat gebied een kans te geven."
Dêrneist biedt it neffens it kolleezje mear romte foar oare aktiviteiten. "Denk daarbij aan de activiteiten in en rondom de Sluisfabriek", is te lêzen yn it rapport. "Kansen liggen er tevens in de ontwikkeling van de Parkhaven, waarbij een aantrekkelijke verbinding met het centrum te realiseren valt."
Der wurde dus ferskate plannen kombinearre. "Er zijn al plannen om een deel van het terrein te combineren met woningen. En de locatie is ook nog eens gelegen tussen de oostelijke toegangspoort tot de Friese meren en het Drachtstervaart-complex. Het ligt dus recreatief ook op een gunstig punt."

Bydrage provinsje

De kosten foar de nijbou lizze om de 34 miljoen euro hinne. In flink bedrach foar in gemeente dy't kampt mei finansjele tekoarten. "De gemeente heeft dit al jaren zien aankomen, dus we hebben gezorgd dat er middelen beschikbaar zijn om die investering te kunnen doen." De provinsje Fryslân leveret in bydrage fan 10 miljoen euro, fanwegen de topsportfunskje fan it swimbad.

Definitive kar

Op 22 septimber beslút de gemeenteried fan Smellingerlân oer de definitive lokaasje fan de nijbou fan it swimbad. Ein maaie besleat de ried al oer de nedige funksjes fan it swimbad en in duorsumenspakket. Sa hat it nije De Welle in wedstriidbad geskikt foar topsporters, in rekreaasjebad, in doelgroepebad en in wetterboartersplak.
Wethâlder Felix van Beek oer it nije swimbad