Twa Fryske skoallen mooglik ticht om corona

19 aug 2020 - 13:06

Yn Damwâld en de Westereen driigje twa skoallen ticht te moatten omdat by learkrêften of by famyljeleden in coronabesmetting fêststeld is.

De Boustien yn De Westereen - Foto: Google Street View

Op De Boustien op De Westereen hat de soan fan in learkrêft corona. Dy learkrêft moat yn thúskarantêne bliuwe. Foar de learlingen op skoalle wurdt ferfanging socht. Mooglik moatte se werom nei de situaasje fan thús ûnderwiis krije.

De besmette soan fan de learkrêft hat yn ynformele setting kontakt hân mei kollega-learkrêften fan deselde skoalle. Ut foarsoarch wurde dy learkrêften test op corona, ek omdat in tal fan harren lichte klachten hat. De útslaggen moatte noch komme. Fjouwer fester meiwurkers binne net op skoalle oanwêzich.

Op de nije fúzjeskoalle De Sprankeling yn Damwâld is ek learkreft mei klachten test. Hooplik komt woansdeitemiddei de útslach, seit Gert van Tol fan de koepel fan beide skoallen, de PCBO Dantumadiel. As dy learkêft corona hat, moat de skoalle mooglik ticht. Van Tol sprekt fan in dramatyske situaasje. "Dit wil je niet aan het begin van het nieuwe schooljaar."

Gert van Tol fan de koepel PCBO Dantumadiel fan beide skoallen

(Advertinsje)
(Advertinsje)