GGD Fryslân: "Verantwoord om quarantaine 10 dagen te laten duren"

19 aug 2020 - 12:44

Minsken dy't yn kontakt west ha mei coronapasjinten hoege tenei net mear twa wiken lang yn karantêne, mar tsien dagen. Dat hat it kabinet bepaald op advys fan it Outbreak Management Team (OMT). De nije ynsichten fan it OMT binne basearre op de no beskikbere wittenskiplike literatuer en op gegevens ôfkomstich út it boarne- en kontaktûndersyk fan de GGD'en.

Foto: Shutterstock

Ut de wittenskiplike literatuer docht bliken dat by goed 97 persint fan de coronapasjinten de ynkubaasjetiid 11 dagen of koarter is. By de helte fan de pasjinten is de ynkubaasjetiid sels koarter as fiif dagen. Ut de analyze fan gegevens fan it boarne- en kontaktûndersyk yn Nederlân blykt in noch koartere ynkubaasjetiid by hast alle minsken dy besmet rekken mei it firus.

Ferantwurde

Foar minsken dy't no al tsien dagen, mar koarter as fjirtjin dagen yn karantêne sitte, betsjut dat dat sy wer nei bûten ta meie. "Uit onderzoeken blijkt dat het overgrote deel van de mensen binnen 10 dagen klachten krijgt en in beeld komt. Het is dus verantwoord om de quarantaine 10 dagen te laten duren", leit Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân, út.

Yn de fjouwer dagen dêrnei moatte minsken sels yn de gaten hâlde oft se noch klachten hawwe. "De notie blijft: als je klachten hebt, blijf je thuis en laat je je testen."

"Thuis waant men zich veilig"

Premier Rutte sei tiisdeitejûn op de parsekonferinsje dat de fersprieding fan it firus no benammen yn thússituaasjes bart. "We zien dat besmettingen met name in kleine kring op een feestje of op de werkvloer wordt opgelopen. Daar waant men zich veilig, maar dat is het niet. Daarom is het belangrijk om daar ook afstand te houden."

Yn Dokkum liket it oantal coronabesmettingen wer ôf te nimmen. Dêr wie sprake fan in coronakluster nei't meardere minsken besmet rekke wiene mei it coronafirus nei in feestje. Hofstra: "Maar we rekenen ons zeker niet rijk, want we zijn ook nu nog bezig met bron- en contactonderzoek. Daar kunnen nog steeds nieuwe gevallen uit voortkomen."

Op Skylge binne der yn totaal sa'n 750 minsken test, nei't twa besikers fan camping Appelhof it firus oprûn hiene. "Wij hebben daar twee positieve gevonden en in de rest van het land 12. Dus in totaal 14 mensen. Dat valt heel erg mee. Gelukkig is er op Terschelling geen grote uitbraak geweest en is het beperkt gebleven."

Everhard Hofstra fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)