Feefoermaatregel fan tafel; net de oplossing tsjin stiktstofútstjit

De feefoermaatregel dy't minister Carola Schouten fan Lânbou ynfiere wol, giet fan tafel. Dat sizze Haachske boarnen oan de NOS. De minister hat de Wageningen Universiteit frege om út te rekkenjen oft it liedt ta minder stikstofútstjit. Nei alle gedachten makket de minister woansdei mear bekend.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Ut de berekkeningen fan de Wageningen Universiteit docht bliken dat de opbringst fan de maatregel minimaal is. Dêrom hat it gjin doel om it fan septimber ôf yn te fieren.
Tsjin de feefoermaatregel is in soad ferset. It kabinet woe mei it ferleegjen fan it aaiwytgehalte yn it feefoer soargje foar minder stikstofútstjit. De feehâlders sizze dat minder aaiwytryk feefoer min is foar de sûnens fan de bisten.
Lânbouferslachjouwer Gerrit de Boer oer de feefoermaatregel