Sybrand Buma: "In alle huizen kijken of er meer dan zes mensen zijn, gaat niet"

19 aug 2020 - 11:59

It driuwende advys fan it kabinet om thús gjin feestjes mear te jaan en maksimaal seis gasten yn 'e hûs te litten, is hiel logysk. Dat fynt boargemaster en Feilichheidsregio Fryslân-foarsitter Sybrand Buma: "De meeste besmettingen zijn toch in de thuissituatie. Het logisch dat daar nu eerst naar wordt gekeken." Dat is lykwols lestich te kontrolearjen, om't plysje en boa's net achter de foardoar hanthavenje meie.

De fraach is no oft de situaasje mei boetes te hanthavenjen is. De kearn is dêrom neffens Buma dat we sels ferantwurdlik binne. "We moeten de besmettingen die er nu zijn samen terugdraaien. In alle huizen kijken of er meer dan zes mensen zijn uitgenodigd, gaat niet."

Krisis net ûnder kontrôle

We moatte ús beseffe dat we te krijen hawwe mei in krisis dy't noch net ûnder kontrôle is, leit Buma út: "Kijk naar Dokkum. Dat was een bijeenkomst met helemaal niet zo veel mensen. Het waren vrienden van elkaar die dachten: we kennen elkaar, er zal niks gebeuren. Op Appelhof dachten ze: we staan buiten, het is veilig. Maar dat was het niet. Uiteindelijk moet je het zelf doen."

It kabinet advisearret minsken ek om wer mear thús te wurkjen. "Waar dat kan, gebeurt dat al. Het is wel een grote opgave om dat voort te zetten. Maar als je naar het werk gaat en er ontstaan haarden, zijn we nog verder van huis", seit Buma.

Komplimint foar hoareka

De hoareka krige op de parsekonferinsje in komplimint fan it kabinet foar harren oanpak fan de krisissituaasje. Buma: "De horeca en recreatie houden zich voor het overgrote deel goed aan de regels. We hebben een paar keer horeca moeten sluiten, maar dat waren echt de gevallen waar het misging. Daar werd gehandhaafd, maar over het algemeen deden ondernemers dat zelf al heel goed."

Sybrand Buma, boargemaster en Feilichheidsregio Fryslân-foarsitter

(Advertinsje)
(Advertinsje)