Lodeweges ynterim-bûnscoach by Oranje

19 aug 2020 - 11:47

Ald-Cambuur- en Hearrenfean-trainer Dwight Lodeweges wurdt ynterim-bûnscoach fan it Nederlânsk alvetal. Hy folget Ronald Koeman op, dy't in kontrakt fan twa jier tekenet by FC Barcelona.

Dwight Lodeweges - Foto: www.orange-pictures.nl

Lodeweges is ynterim-bûnscoach oant it fuotbalbûn KNVB in definitive opfolger fan Koeman beneamd hat. Nederlân spilet begjin septimber twa wedstriden yn de UEFA Nations League, tsjin Poalen en Italië.

Lodeweges wie yn 2003/2004 assistint-trainer fan SC Hearrenfean. Yn 2013 waard er haadtrainer by SC Cambuur. Hy makke nei ien seizoen de oerstap nei SC Hearrenfean, wêr't er yn oktober 2015 opstapte. Sûnt 2018 wie Lodeweges assistint-bûnscoach by Oranje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)