Simmerblog: Simmer op De Gordyk

19 aug 2020 - 17:30

Omrop Fryslân is woansdei de hiele dei op 'e Gordyk. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:27
No sa!

We binne oan de ein fan dit blog op 'e Gordyk. Tankje foar it folgjen. Tongersdei binne we yn Makkum. Oant dan.

17:25
Simmer op De Gordyk
16:20
Fytse mei Peter

Peter Spigt is in superaktive organisator fan fytseveneminten en fytstochten yn en om De Gordyk. Hy is sels in grut fytsleafhawwer, docht ek faak oan fytstoertochten mei en betocht doe dat er sels ek wol sokke dingen organisearje woe en koe.

Fytsleafhawwer Peter Spigt, fan De Gordyk - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Peter Spigt

15:15
Eigen strjitsje skjin feie

Buorfroulju Kiki de Jong en en Nynke Landman hawwe as doel de omjouwing griener en geselliger te meitsjen. Sa hawwe se ûnder oare in feiprojekt betocht dat winkellju it sels skjinhâlde moatte foar de doar.

Links Kiki de Jong en rjochts Nynke Landman - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Buorfrou & Buorfrou

14:40
Wêr stean letters LDODK foar?

Jantine Stoffers fan Omrop Fryslân praat mei Gouke de Vries. Hy is foarsitter fan kuorbalferiening LDODK. Minder bekend is wat LDODK eins betsjut: Leer door oefening de korfbalsport.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Jantine Stoffers praat mei Gouke de Vries fan LDODK

14:02
Breidzje foar it goede doel
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ruurdtje de Vries (91) is al mear as fjirtich jier de driuwende krêft achter de pleatslike wurkgroep fan de Nierstichting. De groep bestiet út sawat fyftich froulju dy't allegearre breidzje en hantwurkje it goede doel. Foaral de sokken dogge it goed.

Jantine Stoffers is by frou De Vries

12:30
De Skâns: nijbou of ferbou?
Foto: Omrop Fryslân

In doarpssintrum dêr't minsken inoar moetsje kinne, hâldt de doarpsbewenners sûn. Dat seit Bart Maas fan wurkgroep De Mienskip. Der moat wol wat barre, want it gebou fan no is oan ferfanging ta. Sa is it dak net al te goed mear.

Bart Maas

11:54
Kees 'siz mar Kees' Woudstra is in markante Gordykster
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Hy kaam 38 jier ferlyn yn it doarp te wenjen, waard brêgewipper en "wol hjir noait wer wei".

Kees Woudstra

10:15
By de bakker
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Hy rûkt it sels net mear, mar sit de hiele dei yn de lekkerste roken fan farske bôle en sûkerbôle. Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei de pleatslike bakker.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman gie op de rook fan bôle ôf....

10:00
Ferbining mei befarber wetter
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De slûs en de brêge binne fan essinsjeel belang foar it ûntstean fan De Gordyk.

Hein Sterk oer it belang fan de slûs en de brêge

9:45
Museum Opsterlân
Hein Sterk, Museum Opsterlân - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Hein Sterk fan Museum Opsterlân wit alles fan it ûntstean fan De Gordyk.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman is by Museum Opsterlân

9:41
Wolkom!

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is woansdei te gast op 'e Gordyk. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Jantine Stoffers dogge de hiele dei ferslach.

Tiisdei wie Simmer yn Fryslân yn Dokkum. Dat kinst hjir neilêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)