Ekonomy yn Fryslân krimpt mei hast tsien prosint

Yn it twadde fearnsjier fan 2020 is de Fryske ekonomy 8 oant 10 prosint weromrûn yn ferliking mei it twadde fearnsjier fan ferline jier. Dat blykt út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek dy't woansdei ferskine.
© Shutterstock.com
De hiele Nederlânske ekonomy is it twadde fearnsjier fan 2020 mei 8,5 prosint weromrûn. Fryslân ferskilt dus net hiel bot fan it Nederlânsk trochsneed. Oare Nederlânske regio's ha folle mear skea oprûn troch de coronakrisis.
In foarbyld fan sa'n regio is Haarlemmermeer dêr't Skiphol leit. Dy gemeente is foar in grut part ôfhinklik fan de loftfeart en de tsjinstferliening dy't dêrby heart. Yn it twadde fearnsjier fan dit jier rûn de ekonomy dêr mei 27 oant 29 prosint werom, hast trije kear sa bot as yn Fryslân.
© Omrop Fryslân
Ekonomyske krimp ûntstiet as der yn in regio minder tsjinsten ferliend wurde en minder produsearre wurdt. De wearde fan dy tsjinsten en produkten byelkoar wie yn Fryslân 8 oant 10 prosint minder as yn deselde perioade in jier lyn.