Kollum: "Kloaten"

19 aug 2020 - 08:31

"Nederlanners binne grutte kloaten. Moat der yn de Keamer stimd wurde oer mear salaris foar de soarch, toffelje de partijen dy't hjir de baas binne allegear de waarme sinne yn. Dus koe der net oer stimd wurde, dus krije de susters net mear jild, wylst de politike mearderheid yn de Keamer dat no krekt wol woe.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Dat is foar it oare net kloaterich, mar skandalich. Sa binne dy partijen no ienris. Mar wý binne kloaten dat we it op ús sitte litte. As we no ien kear de strjitte op moatte om te sizzen dat der wat net doocht, dan is it no. Mar wat dogge we? We sykje in plakje op yn it skaad, lûke in bierfleske iepen en wachtsje oant fan 'e middei de regearing syn fraksjeleden wer ûnder kontrôle hat.

Friezen binne noch gruttere kloaten as Nederlanners. Ik sil jim in pear foarbyldsjes jaan.

Grutte kop yn de krante: wenningneed giet krimp tsjin. Ja, 'ammehoela'. Want as je trochlêze dan kin dat hjir inkeld as starters wrakken fan wenten keapje. Oars is der net. We moatte trouwens hielendal net bliid mei wêze dat alle krimpdoarpen wer fol reitsje soene. Dan ferdûbelet it autoferkear yn Fryslân ommers wer.

Alle dagen stiet yn de krante wol in berjochtsje dat de boargemaster in drugshûs yn syn of har gemeente sletten hat. Ja, no en? Dan stiet der wer in hûs leech. Mar der binne noch likefolle drugs. Ik lês of hear noait wat dat se dat yndamje. Wat is it doel?

Fryslân hat in soad elektrisiteitssteuringen. Dat komt, witte we no, omdat ûnder de grûn stroomkabels oan elkoar keppele binne mei nekaldytmoffen. Ik hie der ek noch nea fan heard, en jim ek net. As dy dingen drûch wurde yn de waarmte dan dogge se harren wurk net mear. En no komt it: dy dingen binne inkeld noch yn Fryslân te finen. En yn Amsterdam, mar dêr ha ik it net oer.

It PEB, it provinsjaal elektrisiteitsbedriuw, hat se yndertiid oanlein. Se binne sa linkendewei oeral wer ferfongen, hjir net. Dat is al kloaterich, teminsten as se wisten dat it spul net doogde. Mar it wurdt noch kloateriger: se witte net mear wêr't dy dingen yn de grûn sitte. Elke kear by in steuring moatte se de saak omsette en twa dagen dolle en dan ha se wer ien. Ik tink freegje it no efkes oan de lju dy't by it PEB sieten en mei pensjoen binne. Ik tink dat bygelyks Hans van der Zee yn de Súdwesthoeke alle nekaldytmoffen wol wit te finen.

As je fanwege gas en sâltwinning, klimaatferoaring en seespegelstiging ien goed belied foar it Waad ha wolle, dan is it wol hiel kloaterich en sleep minister Wiebes ta de nekke troch Waadslyk en ûnwaar. Dy komt hjir noait wer en lit it Waadslyk yn de Grinzer gasgatten sakje.

Ien spiler fan Cambuur is coronabesmet en dan binne se dêr sa fan de mik dat se mei 4-0 ferlieze fan Volendam. Je ha dat risiko in pear moanne lyn naam, lul dan no net dat it net giet.

Oer corona sprutsen: se praten yn Hearrenfean ôf dat de kroegen nachts nei ien oere net ien mear talitte. Mar wa't der sit, mei sitten bliuwe oant slutingstiid. Dan soargje se dochs, sa't wy eartiids ek wol diene, dat je allegear foar ien oere yn deselde kroech sitte. Feest oant fjouwer oere nachts. Sa gie it fansels yn Hearenfean ek, in maatregel fan Jan Kont.

Mar it alderkloaterichst is fansels dat de Fryske Akademy net in direkteur fine kin. 'Je moatte in goede wittenskipper ha, dy't ek in goeie bestjoerder is', fynt it bestjoer, dat altyd graach foar in dûbeltsje op de earste rang sitte wol. Se sykje no al yn it bûtenlân. Der sil aanst fansels in Belch komme dy't nei twa jier en in pear miljoen skea wer fuortgiet.

Wêrom moat de direkteur fan de Akademy in wittenskipper wêze? In goede bestjoerder is breanedich. Dy't nei al dy jierren dat de Akademy no yn it skaad wurke hat, it no wer ta ûnderdiel fan de mienskip makket. Sa'n bestjoerder mei wat wittenskiplike ynteresse wit ik sels yn Fryslân wol te finen. Mar ja, dy komt der net, om't it bestjoer foar sokken de kloaterige kant it neist is."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)